Fluch oan:

Hokker wizigingen kinne jo trochjaan?

  • Jo help of ûndersteuning hâldt op.
  • Jo hawwe jo helpmiddel net mear nedich.
  • Jo sille ferhúzje.
  • Jo wolle in oare soarchoanbieder.
  • Jo hawwe in oare fertsjintwurdiger. Bygelyks bewâldfierder, kurator, mentor of fâd.
  • Jo wolle de foarm fan de ûndersteuning wizigje fan Soarch yn natura (fia de gemeente ynkocht) nei in Persoansbûn budzjet (sels ynkocht).
  • Jo wolle de foarm fan jo ûndersteuning wizigje fan in Persoansbûn budzjet (sels ynkocht) nei Soarch yn Natura (fia de gemeente ynkocht).

Hoe kinne jo in wiziging trochjaan?

Op it stuit is it allinnich mooglik om in wiziging skriftlik troch te jaan. Download it Wizigingsformulier Wmo en Jeugdwet (PDF, 97,12 KB) (iepenet yn in nij ljepblêd) en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it gemeentehûs.

Mear ynformaasje?

Mear ynformaasje oer de Wmo fine jo op de pagina Wmo.