Persoansgegevens
Wolle jo jo persoansgegevens ynsjen, wat ferwiderje of korrizjearje litte, beswier meitsje, in klacht yntsjinje, in kopy fan in dossier of saak ûntfange of hawwe jo in algemiene fraach?
Hoe oanfreegje?
Wisten jo dat it ynsjochrjocht yn ’e AVG bedoeld is om by de gemeente kontrolearje te kinnen óft gegevens brûkt wurde? En sa ja, oft dit neffens de wet bart?
Dat betsjut net dat jo automatysk in kopy ûntfange. Troch in pear fragen te beäntwurdzjen yn de Beslisbeam persoansgegevens komme jo fansels by it goede oanfraachformulier út.
Freegje jo om ynsjoch of kopyen fan jo eigen gegevens of dy fan in oar?
Ynlogge mei DigD is ferplicht. By algemiene fragen is ynlogge mei DigiD net nedich.
Kinne of wolle jo gjin gebrûk meitsje fan dizze digitale mooglikheid?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Wy notearje jo gegevens en jo wurde belle foar it meitsjen fan in ôfspraak.
Mear ynformaasje
De gemeente Ljouwert jout ynformaasje oer hoe’t sy omgiet mei jo persoansgegevens. Mear ynformaasje oer hoe’t jo persoansgegevens binnen it RIEC gearwurkingsferbân brûkt wurde, fine jo op pagina Kontaktpunt RIEC Noard-Nederlân.
Wat is it RIEC?
De Regionale Ynformaasje- en Ekspertizesintra (RIEC) ûndersteune gearwurkjende dielnimmers by de oanpak fan organisearre kriminaliteit. Elk RIEC hat in Kontaktpunt dêr’t jo terjochte kinne mei fragen oer jo persoansgegevens. Bygelyks as jo ynsage wolle yn jo persoansgegevens, wat ferwiderje of korrizjearje litte wolle, beswier meitsje wolle, in klacht yntsjinje wolle, of in algemiene fraach hawwe.