Rianne Rodenburg-Bonder
Bûtengewoan amtner fan de boargerlike stân Rianne Rodenburg-Bonder stelt har oan jo foar.
Myn omjouwing ken my as ien dy’t maklik ferhalen fertelt, iepen is oer dingen dy’t bard binne en in lústerjend ear biedt.
Noflike eigenskippen dy’t ik ynset as trouamtner. Humor en in flinke doasis entûsjasme typearje my dêrby. Ik bin Rianne, berne yn 1984, “baaske” fan Nico (frânske bulldog), troud mei Tim, opgroeid yn Ter Apel, wenjend yn Ljouwert en winskmem (**).
Ik bin deistich dwaande mei eveneminten en ‘mei-inoar moaie mominten meitsje’.
Dit doch ik út myn bedriuwen Sterk in Events en Jouw projectleider wei. Mei-inoar moaie mominten meitsje doch ik ek as ien fan de organisatoaren fan de Monnikenloop op Skiermûntseach. En fansels doch ik dat as trouamtner. Yn myn frije tiid belibje ik moaie mominten yn ’e hoareka, by konserten/eveneminten/festivals of in thúswedstriid fan Cambuur. Ek praat ik graach ôf mei freonen en famylje.
Ik fertel graach jim ferhaal en jim oantinkens.
Dêrfoar kom ik graach del om inoar kennen te learen. Us petear wurdt de basis fan de taspraak by it houlik/registrearre partnerskip. It iennichste dat jimme hoege te dwaan, is prate en de leafde foar inoar sprekt dan foar himsels. De dingen dy’t sein wurde en dy’t ik sjoch ûnder it petear hearre jim werom op de grutte dei. De taspraak kin trouwens ek yn it Ingelsk, Dútsk en Grinzer dialekt.