Jannie Atsma
Bûtengewoan amtner fan de boargerlike stân Jannie Atsma stelt har oan jo foar.

Tegearre de takomst ynstappe: ik ha dy leaf, ik hâld fan dy
Fan herten lokwinske mei jimme kar foar elkoar! Jimme sille JA sizze. It troumomint is de start fan jimme feestlike dei. Dêr wurdt jimme ferhaal fan de leafde ferteld. Persoanlik. Mei wurden dy’t foar jimme werkenber binne en dy’t in gouden glâns jouwe oan de dei. Ik soe it prachtich fine om jimme ja-wurd te befêstigjen.
Wy geane fóár jimme grutte dei yn petear oer jimme winsken. Wat wy bepraat hawwe, komt werom yn de troutaspraak. En dêr giet it om: dy wurden sizze dy’t foar jimme it gefoel fan leafde ferwurdzje. Ik woe graach trouamtner wurde sadat ik myn stientsje bydrage mei oan dizze foar jimme tige bysûndere en wichtige dei.
De leafde tusken twa minsken, fan hokker leeftiid, aard, leauwe of nasjonaliteit ek, stiet sintraal. It is de dei datst tsjin de oar seist: ‘Ik ha dy leaf’, want in taspraak yn it Frysk is ek gjin probleem. Mei elkoar meitsje wy in seremoanje dêr’t jimme mei in glim op weromsjogge!
Ik bin Jannie Atsma, oangenaam. Mei myn eigen grutte leafde Ale wenje ik yn Stiens. Ik bin mem fan twa dochters dy’t al útflein binne en mei sûnt 2021 de grutske earetitel ‘beppe’ drage. Sûnt juny 2016 bin ik trouamtner foar de gemeente Ljouwert en mei ferhalen fertelle fan twa minsken dy’t fan elkoar hâlde. Neist trouamtner sit ik yn de gemeenteried en bin ik skriuwster-yn-opdracht foar bedriuwen. Ik hâld fan kuierjen, lêzen, itensieden, mar wurdt ek bliid fan in kop kofje of in wyntsje op it terras. Mei in soad wille rin ik op dizze unike dei út jimme libben even mei jimme mei!
