Fluch oan:

Hoe wurket it

It buertprevinsjeteam makket mei-inoar ôfspraken oer harren rûntsjes troch de buert. Se hawwe leard hoe’t se goed omgean kinne mei lestige situaasjes. Ek wurkje se gear mei oare organisaasjes yn de buert, lykas de plysje en it gemeentebestjoer, om de buert feilich te hâlden.

Buertprevinsjeteam yn jo wyk, buert of doarp

Wolle jo witte oft der in buertprevinsjeteam aktyf is? Nim kontakt op mei jo wykpanel of doarpsbelang en oars de gemeente. As der in buertprevinsjeteam aktyf is, bringe wy jo graach yn kontakt mei de koördinator buertprevinsje.

Buertprevinsjeteam starte

As jo begjinne wolle mei in buertprevinsjeteam, kin it wykpanel of doarpsbelang jo helpe by it sykjen nei nije dielnimmers. Jo soene ek sels in oprop yn jo wykblêd pleatse kinne, in flyer hûs oan hûs ferspriede en/of in buertgearkomste hâlde kinne.

Understeuning fan de gemeente

Troch de gemeente wurdt in startgearkomste organisearre. Op dy gearkomste krije jo útlis oer buertprevinsje en wat jo wol en net dwaan meie as boarger. Elke dielnimmer krijt fan de gemeente in simmer- en winterjas, rêchtas en in bûslampe. Dat bliuwt eigendom fan de gemeente, jo ûndertekenje hjirfoar in brûklienoerienkomst (iepenet yn in nij ljepblêd). Dêrneist biedt de gemeente ferskillende opliedingen oan.

Mear ynformaasje

Yn it dokumint buertprevinsje dogge jo mei-inoar en de hânrikking buertprevinsje fine jo mear ynformaasje.

Jierlikse finansjele bydrage

Dielnimmers (maksimaal 15 leden) oan de buertprevinsje kinne jierliks by de gemeente Ljouwert in fersyk yntsjinje foar in finansjele bydrage. Dat is in fêste bydrage fan € 450,- per buertprevinsjeteam en € 15,- per dielnimmer. Mei dy bydrage kinne der aktiviteiten organisearre wurde of middels kocht wurde dy’t nedich binne foar it buertprevinsjeteam.

Wêr moatte jo oan foldwaan?

  • Jo moatte yn it foar in oanfraach yntsjinje, mei de gegevens fan de oanfreger:
    • Namme
    • Bertedatum
    • Adresgegevens
    • Telefoannûmer
    • E-mailadres
    • Bankrekkennûmer

Dêrneist moat by dizze oanfraach in dielnimmerslist sitte fan it buertprevinsjeteam dêr’t de nammen, bertedatums, adressen en e-mailadressen fan alle dielnimmers op steane.

  • De koördinator of plakferfanger nimt diel oan it koördinatoarenoerlis buertprevinsje.
  • Der mei net in oare oanfraach út deselde buert, wyk of doarp dien wêze.
  • De finansjele bydrage is allinnich bedoeld foar it buertprevinsjeteam en/of foar de leden fan it buertprevinsjeteam.
  • Jierliks moatte jo de makke kosten ferantwurdzje kinne.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.