Dielmobiliteit yn Ljouwert
Yn Ljouwert kinne jo gebrûk meitsje fan dielferfier: scooters en auto’s dy’t jo mei oaren diele. Jo hawwe dan in foertúch wannear’t jo dat nedich hawwe, sûnder dat jo it sels oan hoege te skaffen. Dat is handich, duorsum en soarget foar minder parkeardruk yn de stêd.
Oanbieders
Yn Ljouwert binne op dit stuit:
- Ungefear 175 dielscooters fan Check.
- Ungefear 15 dielauto’s fan Greenwheels en MyWheels.
Regels en betingsten dielfoertugen
Om dielmobiliteit goed ferrinne te litten, jilde der betingsten foar de oanbieders en regels foar gebrûkers:
- In brûker dy’t 3 kear fout parkearret, kin gjin gebrûk mear meitsje fan de tsjinst.
- Oanbieders moatte har hâlde oan in maksimaal oantal foertugen.
- De foertugen binne útstjitfrij.
Proef mei dielmobiliteitshubs
Dit jier dogge wy in proef mei dielmobiliteitshubs. Dit binne sammelplakken foar dielfoertugen. De ôfrûne jierren krige de gemeente klachten oer ferkeard parkearre dielfoertugen. Soms stiene se yn it paad, soms soargen se foar in rommelich byld. Mei de hub stean de foertugen kreas by elkoar en bliuwe stoepen frij foar fuotgongers.
Lokaasjes
De hubs komme yn Bilgaard en de binnenstêd op plakken dêr’t al in soad dielfoertugen stean en dêr’t genôch romte is op de stoepe. De scooters komme net lyk foar ruten fan wenningen te stean.
De lokaasjes dêr’t de dielfoertugen parkearre wurde, binne te werkennen oan in markearring en in boerd. Bûten dizze markearring kinne de foertugen net parkearre wurde.
Bilgaard
- Ymedaam
- De Gealannen
- De Headollen
- Brandemar
- De Anjen
- Wollegaastdaam
Binnenstêd
- Sudersingel
- Súderplein
- Nijewei
- Westerplantaazje
- Drúfstreek
- Aldehoustertsjerkhôf
Hubs yn oare stêden
Oare stêden, lykas Grins, Rotterdam en Enschede wurkje al mei dielmobiliteitshubs. De ûnderfiningen binne goed. It soarget foar in minder rommelich byld op strjitte en minder hinder.
Dielauto’s
Yn de stêd binne ûngefear 15 dielauto’s. Dy binne fan Greenwheels of MyWheels. Om Ljouwert hinne wurket Freonen fan Fossylfrij Fryslân oan plannen om ek yn de doarpen dielauto’s te pleatsen. Mear ynformaasje fine jo op de website fan buertbestjoerders.
Oerlêst melde
Underfine jo oerlêst fan dielfoertugen? Meld dit dan rjochtstreeks by de oanbieder:
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: