Subsydzje foar kuolkast, friezer, waskmasine of drûger
Hawwe jo in leech ynkommen en wenje jo yn in min isolearre hûs? Dan betelje jo nei alle gedachten in soad foar enerzjy, lykas gas en stroom. Miskien hawwe jo rjocht om mei koarting in enerzjysunige kuolkast, friezer, waskmasine of drûger te keapjen. Sunige apparaten helpe om jo enerzjyrekkening te ferleegjen. Dizze koarting neame wy subsydzje Wytguodwiksel.
Betingsten
- Jo hawwe enerzjytaslach oanfrege en ûntfongen fan de gemeente Ljouwert. Dat mei ek fan in oare gemeente of fan DUO wêze.
- Hawwe jo de enerzjytaslach wól oanfrege mar net krigen? Dan komme jo net yn oanmerking.
- Hawwe jo gjin enerzjytaslach oanfrege of oanfreegje kinnen, dan jildt it folgjende:
- Is jo ynkommen leger as 150% fan it sosjaal minimum? Dan komme jo mooglik ek yn oanmerking. Bygelyks as jo sûnt koart yn de bysân sitte.
- De grinzen fan 150% fan it sosjaal minimum per 1 jannewaris 2026 binne:
- Allinnichsteand jierynkommen: minder as € 29.606,- bruto ynkommen yn it jier. (€ 2.468,- brute per moanne.)
- Troud/tegearre wenjend jierynkommen: minder as € 42.300,- bruto ynkommen yn it jier. (€ 3.442,- bruto per moanne.)
- Jo litte jo ynkommen sjen oan de Enerzjycoach as dy lânskomt foar it enerzjycoachpetear.
- Jo wenje yn in wenning mei in leech enerzjylabel: B, C, D, E, F, of G. Op de webside fan EP-Online kinne jo opsykje hokker label jo hûs hat.
- As der gjin enerzjylabel bekend is, dan telt hoe âld oft de wenning is. De wenning moat boud wêze foar 2002.
- It âlde apparaat is 10 jier of âlder. Of it hat enerzjylabel B, C of D neffens it âlde enerzjylabelsysteem. Jo leverje jo âlde apparaat yn.
- Jo kinne kieze foar in tafelmodel kuolkast, tafelmodel friezer, hegere kuolkast of kuol-frieskombinaasje, waskmasine of waarmtepompdrûger.
- Per adres kinne jo 1 kear gebrûk meitsje fan dizze subsydzje. Hawwe jo al in kear in wytguodapparaat mei koarting krigen? Dan krije jo net noch in apparaat.
Hoe wurket it
- De subsydzje is in weardebon fan € 730. Jo kinne dy bon brûke om jo âlde kuolkast, friezer, waskmasine of drûger te ferfangen.
- As jo de subsydzje oanfreegje, komt in Enerzjycoach by jo lâns om te sjen oft jo foldogge oan de betingsten. Sa ja, dan krije jo fan de Enerzjycoach in weardebon.
- Mei de weardebon sykje jo yn de winkel in sunich tafelmodel kuolkast, tafelmodel friezer, hegere kuolkast of kuol-frieskombinaasje, waskmasine of waarmtepompdrûger út foar maksimaal € 730,00.
- It mei allinnich in enerzjysunich apparaat wêze mei minimaal enerzjylabel D. By in hegere kuolkast mei it enerzjylabel ek E wêze. Moat in kuolkast mei A label besparje jo de measte enerzjy.
- Wolle jo in djoerder apparaat? Dan betelje jo de rest fan it bedrach sels by.
- Jo leverje de weardebon yn by de winkel en regelje mei de meiwurker it besoargjen.
- De besoarchtsjinst besoarget it nije apparaat en nimt it âlde apparaat fuortdaliks mei. De besoarchkosten fan € 20,00 binne foar jo fergees.
- In oantal apparaten binne betelle troch de Europeeske Uny – Interreg. Dêrom binne dy apparaten foarsjoen fan in EU-stikker.
- Foar dizze subsydzje is yn totaal € 2.342.500 beskikber. Der wurdt subsydzje ferliend salang’t der noch budzjet beskikber is.
Hoe oanfreegje?
- Meitsje in ôfspraak mei de Enerzjycoach foar in advyspetear. Dat kin op trije manieren:
- Fia it online oanmeldformulier op Enerzjyloket Ljouwert.
- Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
- Stjoer jo fraach en kontaktgegevens nei energiecoach@leeuwarden.nl.
- De Enerzjycoach komt by jo thús lâns en sjocht mei jo oft jo foldogge oan de betingsten. As dat sa is krije jo fan de Enerzjycoach in weardebon.
Winkels dêr’t jo de weardebon ynleverje
- TDC Dé Witgoed Specialist, Foarstreek 52-54, 8911JR Ljouwert.
- W.A.S Dé Witgoed Specialist, Swettestrjitte 9, 8912 AH Ljouwert.
- Expert Tromp, Skrâns 104, 8932 NH Ljouwert.
- Mediamarkt Leeuwarden, Plein de Sintrale 12, 8924 CZ Ljouwert.
- Haijma Dé Witgoed Specialist, Langebuorren 16, 9051 BG Stiens.
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):
- Subsydzjeregeling Wytguodwiksel gemeente Ljouwert
Mear ynformaasje, fragen of help nedich
Mear ynformaasje oer subsydzjes, tips, help fan in enerzjycoach en advys fine jo op ’e webside fan it Enerzjyloket Ljouwert.
Mar ynformaasje hjiroer fine jo op de pagina Wolle jo help by Jildsaken en Skulden?
Foar fragen nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: