Fluch oan:

Kinne of wolle jo net digitaal oanfreegje

Download it oanfraachformulier Oanspraaklikstelling yn ferbân mei ûnderfûne skea (Iepent yn in nij ljepblêd) en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Skea troch in feiwein

Hawwe jo bygelyks in lekke bân krigen troch in stieltried fan ’e boarstel fan ’e feiwein? Jou dit troch oan Omrin (Iepent yn in nij ljepblêd). Feiweinen binne net fan ’e gemeente.

Wêr krij ik de skea fergoede

Jo krije de kosten fergoede, as der yndied skea ûntstien is troch hanneljen of dwaan fan ’e gemeente. De gemeente of har fersekering beoardielet jo oanfraach.

Wannear krij ik berjocht oer myn oanfraach

Binnen 8 wiken.

Kosten makke foar in rioelûntstoppingsbedriuw

Is de ferstopping feroarsake troch in stikkene of fersakke rioeloansluting op gemeentegrûn? Freegje de kosten fan it ûntstoppingsbedriuw werom fia it oanfraachformulier Oanspraaklikstelling yn ferbân mei ûnderfûne skea (Iepent yn in nij ljepblêd). Doch dêr it filmke fan it ûntstoppingsbedriuw by.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.