Alles wat defekt is of better kin yn jo wen-, wurk- of leefomjouwing (iepenbiere romte) kinne jo trochjaan oan de gemeente. Tink dêrby oan:
- ûnkrûd op strjitte
- Ynvasive eksoat lykas de Reuzereadskonk, de Reuzebearepoat en de Springbalsemyn
- ikeprosessyrûp
- swerfôffal
- graffity
- hûnepoep
- stikkene lantearnpeallen/stoaring iepenbiere ferljochting
- lûdsoerlêst fan bedriuwen en eveneminten
- ferkearsfeiligens yn jo buert
- beareklauwen
- fjoerwurkoerlêst (brûk kategory Sosjale Oerlêst - Fjoerwurkoerlêst
- wetterstân / wetterpeil
- Giet it om in fiver of in gemaal yn in stedspark: jou jo melding troch.
- Giet it om in oare fraach of klacht: nim kontakt op mei it Wetterskip.
- ensfh.
Jo kinne ek sosjale oerlêst melde. Foar oerlêst dy't hieltiten weromkomt, kinne jo terjochte by it Meldpunt Oerlêst. Tink dêrby oan lûdsoerlêst fan de buorlju, drugoerlêst, hingjongeren ensfh.
Ek mei 'stille' problemen kinne jo terjochte by Meldpunt Oerlêst. Bygelyks as jo it fermoeden fan bernemishanneling ha of as jo tinke dat ien himsels fertutearzget.