Lion

Beropsfeart

Ljouwert is, nei Harns, de grutste yndustryhaven fan Fryslân. Der wurdt gemiddeld om de 1,5 miljoen ton jiers oerslein troch de beropsfeart. It grutste part fan de oerslach is bulk, lykas: nôt, blik, sân/grint en semint. Ek de konteneroerslach spilet in wichtige rol yn de totale oerslach. Der wurdt no en dan ek wol stikguod oerslein, mar safolle net.