Wenjen en mantelsoarch
Wolle jo tichter wenje by de persoan fan wa’t jo mantelsoarch krije of krije sille? Of wolle jo tichter by in neiste wenje om him as har (yn de takomst) better helpe te kinnen? Dat kin mei in (pre-)mantelsoarchwenning yn of by de wenning fan ien fan jim beiden.
Wat is mantelsoarch?
Mantelsoarch is help dy’t immen ûnbetelle jout oan in bekende, lykas in famyljelid, freon of buorman. It giet om help dy’t nedich is om selsstannich wenjen te bliuwen of meidwaan te kinnen yn de mienskip. Dy help is mear as wat minsken gewoanwei foar elkoar dogge.
Mantelsoarchwenning
In mantelsoarchwenning is bedoeld foar immen dy’t mantesloarch krijt fan de bewenner(s) fan de haadwenning. Of oarsom: de soarchûntfanger wennet yn de haadwenning en de mantelsoarger(s) yn de mantelsoarchwenning.
Der binne ferskillende mooglikheden foar in mantelsoarchwenning:
- In mantelsoarchwenning as tydlike unit yn de tún pleatse.
- In besteande garaazje of skuorre ferbouwe ta mantelsoarchwenning.
- In permanint gebou delsette dat earst as mantelsoarchwenning en dêrnei as skuorre of garaazje te brûken is.
Betingsten mantelsoarchwenning
- Der meie maksimaal 2 folwoeksenen (as húshâlden) yn de mantelsoarchwenning wenje.
- De bewenner fan it haadpân en de mantelsoarchwenning hawwe in sosjale relaasje mei elkoar. Dat kinne famyljeleden wêze, mar ek freonen of goede kunde.
- De ôfsprutsen mantelsoarchrelaasje wurdt fêstlein yn in mantelsoarchferklearring.
Bouregels mantelsoarchwenning
In mantelsoarchwenning wurdt sjoen as in bouwurk by in wenning en is ûnder betingsten fergunningsfrij. Dat is fêstlein yn it tydlike part fan it omjouwingsplan yn it Beslút bouwurken leefomjouwing (Bbl).
Der jilde bouregels foar it bouwen of pleatsen fan in mantelsoarchwenning:
- Der is maksimaal 1 mantelsoarchwenning by in haadgebou mei wenfunksje tastien.
- In mantelsoarchwenning mei allinnich as dat past binnen de (fergunningsfrije) mooglikheden fan it omjouwingsplan foar it bouwen.
- Bûten de beboude kom kin in tydlike mantelsoarchunit fan maksimaal 100 m² yn it efterhiemgebiet pleatst wurde. It bouwurk moat yn syn gehiel of yn dielen te ferpleatsen wêze.
- Nei ôfrin fan de mantelsoarch mei it gebou net as wenromte yn stân bliuwe.
In mantelsoarchwenning is net tastien yn/by:
- in rekreaasjewenning;
- in wenwein;
- in monumint of yn in beskerme doarps- of stedsgesicht;
- in tydlike wenning.
Hoe oanfreegje of melde
In mantelsoarchwenning is ûnder betingsten fergunningfrij. Jo hawwe wol in mantelsoarchferklearring nedich.
Foldocht de mantelsoarchwenning oan de betingsten foar it fergunningsfrij pleatsen? Meld dy dan wol by de gemeente. Gean nei de side Proseduere omjouwingsfergunning oanfreegje of melde.
Pre-mantelsoarchwenning
Mei in pre-mantelsoarchwenning passe jo jo wensituaasje oan op de soarchfraach dy’t jo yn de takomst ferwachtsje. Jo gean tichter by de persoan wenjen dy’t jo yn de takomst help jaan sille, of hy/sy komt tichter by jo te wenjen. Sa kinne jo alfêst wenne oan de nije situaasje, of just langer yn jo fertroude omjouwing wenjen bliuwe.
In pre-mantelsoarchwenning is mooglik as de takomstige mantelsoarchûntfanger:
- 67 jier of âlder is;
- in progressive sykte of oandwaning hat dy’t yn de takomst slimmer wurdt.
Foar de pre-mantelsoarchwenning jilde deselde (bou)regels as foar in mantelsoarchwenning. Mar foar it bouwen of pleatsen fan in pre-mantelsoarchwenning is wól in omjouwingsfergunning nedich. Hoe’t jo dy oanfreegje lêze jo op de side Proseduere omjouwingsfergunning oanfreegje of melde.
De fergunning foar in pre-mantelsoarchwenning jildt maksimaal 10 jier.
- Is der binnen dy 10 jier sprake fan in mantelsoarchsituaasje? Dan kin de pre-mantelsoarchwenning bliuwe as mantelsoarchwenning.
- Is der nei 10 jier noch gjin sprake fan mantelsoarch? Dan kin opnij in omjouwingsfergunning oanfrege wurde.
Pre-mantelsoarchwenning
Foar it bouwen of pleatsen fan in (pre-)mantelsoarchwenning hawwe jo in (pre-)mantelsoarchferklearring nedich. Nim kontakt op mei Team Mantelsoarch fan Amaryllis fia telefoannûmer 058-3030400 of stjoer in e-mail nei mantelzorg@amaryllisleeuwarden.nl.
Ut de (pre-)mantelsoarchferklearring moat blike:
- dat der in sosjale relaasje is tusken de (takomstige) mantelsoarchûntfanger en de (takomstige) mantelsoarger. Faak wurdt mantelsoarch jûn troch famyljeleden, mar ek wol troch freonen of goede kunde;
- hoefolle persoanen der yn de (pre-)mantelsoarchwenning komme te wenjen. It maksimum oantal is 2;
- wêrom’t der keazen wurdt foar in (pre-)mantelsoarchwenning. Hat immen soarch nedich fanwegen in bepaalde sykte of oandwaning? Of wurdt der in pre-mantelsoarchwenning oanfrege troch immen fan 67 jier of âlder?
- wat it (te ferwachtsjen) soarchferlet is.
Stoppet de (pre-)mantelsoarch?
Bygelyks by ferhúzjen of ferstjerren. Dan meie jo de (pre-)mantelsoarchwenning net mear brûke as wenning. Dit betsjut dat:
- In tydlike (pre-)mantelsoarchunit ôfbrutsen of fuorthelle wurde moat.
- In oanbou of skuorre dêr’t in (pre-)mantelsoarchwenning yn makke is, hoecht net ôfbrutsen te wurden. Jo moatte wol soargje dat dy net langer as wenning brûkt wurde kin. Jo moatte dan de keuken en de badkeamer fuorthelje.
Fragen of mear ynformaasje
Mear ynformaasje en it oanfreegjen fan in omjouwingsfergunning gean jo nei de pagina Proseduere omjouwingsfergunning oanfreegje of melde.
Mear ynformaasje oer mantelsoarchûndersteuning fine jo op de pagina Mantelsoarchûndersteuning.
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (nasjonaal):
- Beliedsregel pre-mantelsoarchwenningen Ljouwert 2025.
Fluch oan: