Fluch oan:

Wykpanel en Doarpsbelang

In wykpanel of doarpsbelang is in frijwilligersorganisaasje. Der dogge bewenners, organisaasjes of ûndernimmers út de wyk of it doarp oan mei. Se besteane út ûngefear 4 oant 12 leden. De leden prate mei oer plannen en maatregels fan de gemeente, wenningkorporaasjes, plysje of wolwêzensynstellings. Wykpanels en doarpsbelangen binne foar de gemeente Ljouwert wichtige en ûnmisbere groepen om mei gear te wurkjen. Ek kinne jo by de leden terjochte as jo in aktiviteit organisearje wolle, of in plan hawwe foar jo wyk of doarp.

Wykhús en doarpshús

De wykferienings en doarpsferienings soargje foar it bestjoer fan de wykhuzen en doarpshuzen. Minsken út de ferskillende ferienings en organisaasjes út de wyk of it doarp foarmje mei-inoar de feriening. Sy organisearje aktiviteiten foar de bewenners.

Doch mei yn jo wyk of doarp

De measte panels binne bliid mei fersterking. Om’t se graach út namme fan alle doelgroepen prate. Bygelyks jongeren, âlderen, minsken mei en sûnder migraasje-eftergrûn en minsken út ferskillende ynkommensgroepen. Wolle jo meihelpe mei it organisearjen fan aktiviteiten of wolle jo yn it bestjoer fan jo buerthûs? Meld jo dan oan by jo wykpanel of doarpsbelang.

Hânboek Gebietsrjochte wurkjen

It hânboek leit út hoe’t de gemeente mei de folgjende ûnderwerpen omgiet en wat jo fan de gemeente ferwachtsje meie:

  • Belangebehertiging.
  • Leefberens (skjin, hiel en feilich); fan it behear fan de iepenbiere romte, oant hokker problemen der yn in wyk of buert binne.
  • Aktiviteiten en inisjativen: wêr moatte jo oan tinke by it organisearjen fan aktiviteiten of it útwurkjen fan in idee.

Wy wurkje it Hânboek Gebietsrjochte wurkjen op it stuit út.

Wykprogramma’s en doarpsprogramma’s 2024

In digitaal oersjoch fan alle projekten yn jo wyk of doarp dy’t pland stean foar 2024 fine jo fia Wyk- en Doarpsprogramma’s. De wykpanels en doarpsbelangen meitsje dizze programma’s elk jier, yn ’e mande mei de gemeente Ljouwert. Yn ûndersteande programma’s kinne jo de projekten fia in dokumint besjen.