Mei-inoar wurkje oan nij belied foar wenweinen
De gemeente hat nij belied foar wenweinen yn Ljouwert. Op dizze side lêze jo wat wy al dien hawwe, wat der feroaret en wat wy noch dwaan sille.
Ynrinbyienkomst op 20 novimber 2025
Wy hearre graach jo miening oer it nije belied. Jo kinne op elk stuit deryn rinne. Oanmelde hoecht net.
- Wêr: BV Sport Kalverdijke (swimbad), Kealledykje 77a, Ljouwert
- Wannear: Tongersdei 20 novimber 2025
- Tiid: fan 19:30 – 21:30 oere
Kenne jo immen dy’t gjin berjocht krigen hat, mar wol ynteresse hat? Hy of sy is ek fan herten wolkom by de ynrinbyienkomst op 20 novimber by BV Sport Kalverdijkje.
Kinne jo net lânskomme?
Dan kinne jo lânskomme op ien fan de sprekoeren op tiisdei 25 novimber fan 09:00 – 12:00 oere of op tongersdei 27 novimber fan 13:00 – 17:00 oere yn it gemeentehûs. Jo meitsje hjirfoar in ôfspraak troch in e-mail te stjoeren nei wonen@leeuwarden.nl of nim kontakt mei ús op.
Wat hawwe wy oant no ta dien
- Yn jannewaris 2025 binne wy úteinset mei in ûndersyk nei de winsken fan wenweinbewenners.
- Yn juny 2025 ha wy de resultaten dield.
- Dêrnei praten wy mei bewenners oer de útkomsten en oer wat noch ûndúdlik wie.
Ut it ûndersyk blykt:
- der is in soad fraach nei nije steanplakken;
- bewenners wolle dúdlike regels oer ynskriuwen en tawizing;
- in fêste kontaktpersoan wurdt as noflik ûnderfûn.
Mei in groep fan de bewenners binne dizze punten útwurke nei nij belied.
Wat is it nije belied?
- Mear romte foar wenweinen Elkenien dy’t yn in wenwein wenje wol, moat dêr de kâns foar krije. Wachtsjen mei net langer duorje as by sosjale hierwenningen.
- Mear steanplakken
- De gemeente wol ûngefear 30 nije steanplakken meitsje.
- Der komme ien of twa lokaasjes:
- Ien foar merkefamyljes
- Ien foar oare famyljes
- Ien behearsorganisaasje
- No binne der twa behearders: de gemeente en WoonFriesland Straks komt der ien behearder dy’t alles regelet: ferhier, ynskriuwing en ferdieling.
- Ferdieling fan steanplakken De folchoarder fan ferdielen foar in steanplak is:
- 1e graads famyljeleden: âlden, partner, bern.
- 2e graads famyljeleden: bruorren, susters, pakes en beppes, bernsbern en (skoan)âlden.
- Persoanen út in wenweinmienskip, dy’t yn Ljouwert wurkje.
- Oare persoanen dy’t yn Ljouwert wurkje.
Dy’t it langst ynskreaun stiet, hat binnen groep 1, 2, 3 en 4 foarrang. In ynkommen út de merke is net mear nedich.
- Better kontakt mei bewenners
- der komt in fêste kontaktpersoan;
- yn ’e mande mei bewenners sjogge wy wa’t har belangen fertsjintwurdigje kin.
Mear ynformaasje lêze jo yn it dokumint Nij belied wenweinen yn it koart.
It kolleezje hat op 4 novimber 2025 besletten dat it konsept belied dield wurde kin. Dy stikken fine jo hjirûnder:
Undersyk
De earste stap wie in ûndersyk. De gemeente woe witte hoefolle minsken der graach in wenweinplak ha wolle. Hast 90% fan ’e bewenners en belangstellenden fan de 4 wenweinlokaasjes yn Ljouwert hat meidien oan it ûndersyk.
Wichtichste útkomsten fan it ûndersyk
- der binne in soad minsken dy’t in wenweinplak ha wolle: 44 folwoeksenen en 14 bern wolle der ien binnen no en 8 jier.
- de helte fan dizze minsken wol sa fluch mooglik in plak.
- de measte minsken wolle graach op in plak wenje dat al bestiet. ds dat net kin, is in nij plak ek goed.
- in soad minsken wolle graach by famylje wenje.
- de measte minsken dy’t no in plak hawwe, wolle dêr wenjen bliuwe.
- in soad minsken wolle mear útlis oer hoe’t de plakken ferdield wurde, hoe’tst dy ynskriuwe kinst en hoe’t it ûnderhâld regele wurdt.
- in soad bewenners fine dat it kontakt mei de gemeente better kin.
Wat dogge wy no?
Ein 2025
- Kontaktpersoan begûn by Tjallingawei
- Nije lokaasjes wurde socht
- Ynrinbyienkomst op 20 novimber
- Mooglike oanpassing fan belied
Begjin 2026
- Gemeenteried besprekt nije belied
- Kolleezje stelt belied fêst
Dêrnei
- Jan-july 2026: Wa komt op foar bewenners?
- Feb-des 2026: Undersyk nei nije lokaasjes
- 2026 – 2027: Petearen oer ien behearder
- 2031 – 2033: Nije steanplakken klear
Mear ynformaasje
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.