Fluch oan:

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it Oanfraachformulier Subsydzjeregeling ferduorsuming bedriuwen yn monuminten en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it formulier ek ynleverje op it gemeentehûs.

Hoe wurket it?

  • Freegje foar’t jo in oanfraach dogge ien of mear offertes op foar de maatregels dy’t jo útfiere litte wolle.
  • Neist it oanfraachformulier stjoere jo de folgjende bylagen mei:
    • in technyske omskriuwing fan de te ferrjochtsjen wurksumheden en ta te passen materialen;
    • in spesifisearre iepen begrutting. It fuortheljen fan in eventueel oanwêzich “waarmtegerdyn” wurdt hjirby opnommen yn de begrutting;
    • as dat fan tapassing is: de foar de útfiering fereaske (omjouwings)fergunning(en);
    • foto’s fan it monumint en de ûnderdielen dy’t de wurksumheden oangean;
    • as in rjochtspersoan oanfraach docht: in minimis-ferklearring dy’t út namme fan dy rjochtspersoan ynfuld is. Foar mear ynformaasje oer in minimis-ferklearring besjoch de webside fan it Ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid;
    • offerte(s).

Freegje jo de subsydzje skriftlik oan? Stjoer dan de dokuminten op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Foar wa is de regeling?

De regeling is foar monumintale pannen dy’t tsjinstdogge as bedriuwspân yn de gemeente Ljouwert. As oanfreger moatte jo eigener wêze fan it monumintale pân. Hiere jo in wenning? Dan kinne jo dizze regeling by jo ferhierder ûnder de oandacht bringe, de MKB enerzjycoach fan de gemeente ûndersteunt jo graach yn dit petear, nim hjirfoar kontakt op mei Reinder Feenstra fia reinder.feenstra@leeuwarden.nl.

Foar hokker doel kinne jo de regeling brûke?

Mei dizze regeling kinne jo subsydzje krije foar it útfiere litten fan isolearjende maatregels oan jo pân. Dit om enerzjykosten te ferleegjen en enerzjy te besparjen. Wy moedigje eigeners oan om dit op in foar it monumint ferantwurde wize dwaan te litten.

Wat binne de betingsten?

  • Jo binne eigener fan in monumintaal bedriuwspân yn de gemeente Ljouwert.
  • Jo hawwe noch net earder subsydzje ûntfongen út dizze subsydzjeregeling.
  • Foar deselde wurksumheden is gjin oare subsydzje oanfrege of troch de gemeente ferliend.
  • De aktiviteiten dêr’t subsydzje foar oanfrege wurdt moatte binnen ien jier nei’t jo de subsydzje ûntfongen hawwe útfierd wurde.
  • De wuksumheden binne op of nei 1 jannewaris 2024 úteinset.

Oanfragen kinne dien wurde oant uterlik 31 desimber 2024. Mear ynformaasje oer dizze subsydzjeregeling kinne jo fia it kopke ‘Wet- en regeljouwing’ ûnderoan dizze side fine.

Wêrfoar kinne jo subsydzje krije?

Jo kinne de subsydzje oanfreegje foar de folgjende aktiviteiten:

  • Duorsum monuminte-advys (Dumo): maatwurkadvys útfierd neffens de yn de beropsgroep jildende noarmen.
  • Isolearjen wanden, flierren, flier en dakken fan besteande konstruksje.
  • Isolearjen ruten en doarren.
  • Siichkearing en skreeftichting (ynklusyf meitsjen siichslûs).
  • Op de isolaasjemaatregels oanslutende enerzjysunige fentilaasjemaatregels.
  • Op de isolaasjemaatregels oanslutende needsaaklike ûnderhâldswurksumheden oan de te isolearjen ûnderdielen.
  • Enerzjybesparjende maatregels oangeande elektrisiteitsynstallaasjes of waarmtefoarsjenning lykas it fuortheljen fan in “waarmtegerdyn”, ferfanging waarmteynstallaasje troch waarmteynstallaasje mei minimaal enerzjylabel A.
  • Arsjitektekosten.
  • Leezjeskosten fan eventueel nedige fergunning.
  • In ekologysk ûndersyk foar it oanfreegjen fan de omjouwingsfergunning fan de provinsje dy’t op grûn fan de Omjouwingswet en it Beslút aktiviteiten leefomjouwing mei it each op de natuerbeskerming nedich is foar it útfieren fan de isolaasjemaatregel.

Hawwe jo fragen oer boppesteande aktiviteiten of ferlet fan ekstra advys? Nim dan kontakt op mei Harm Haitsma (harm.haitsma@leeuwarden.nl) of Jessica de Vries (jessica.devries@leeuwarden.nl).

Subsydzjebedrach

  • Jo kinne 30% fan de kosten foar de ferduorsumingswurksumheden subsidiearre krije.
  • Wurdt der gebrûk makke fan biobased isolaasjemateriaal? Dan kinne jo 10% ekstra subsydzje krije.
  • Is der ekologysk ûndersyk nedich? Dan kinne jo 50% fan de kosten hjirfoar subsidiearre krije oant in maksimum fan € 2.000,-.
  • Der wurdt maksimaal € 20.000,- per oanfraach oan subsydzje jûn.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing fine jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal):

  • Subsydzjeregeling ferduorsuming monuminten yn de kategory bedriuwen gemeente Ljouwert
  • Algemiene Subsydzjeferoardering Ljouwert 2018 (ASVL)