Fluch oan:

Kinne jo of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it formulier Subsydzje Mei-inoar Libje, Mei-inoar Sûn en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Betingsten

  • It idee helpt om de buert fijner te meitsjen of om minsken sûner libje te litten.
  • It inisjatyf is foar in soad minsken yn de buert, bygelyks jongerein, âlderein of gesinnen. It mei net allinnich foar in lytse groep wêze.
  • Bewenners en organisaasjes út de wyk dogge aktyf mei mei it plan en de útfiering. Bygelyks fia byienkomsten, wurkgroepen of mienskiplike aktiviteiten.
  • As it nedich is, besykje jo ek oare foarmen fan finansiering te finen.
  • Jo inisjatyf hat gjin fêste finansjele stipe nedich fan de gemeente.

Hichte subsydzje

It maksimale subsydzjebedrach is € 1.000,- per oanfraach.

Ofhanneljen oanfragen

  • Oanfragen dy’t kompleet yntsjinne binne, wurde ôfhannele op folchoarder fan ynkomst.
  • Is in oanfraach noch net kompleet? Dan moatte jo dy earst oanfolje.
  • Foar dizze subsydzje jildt: wa’t it earst komt, wa’t it earst mealt.

Fragen of mear ynformaasje

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal):

  • Regeling subsydzje Mei-inoar Libje, Mei-inoar sûn.