Fluch oan:

Kinne jo of wolle jo net digitaal oanfreegje

Download it oanfraachformulier Kompensaasje OZB 2026 en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Betingsten

  • De oanfreger hat binnen de gemeente Ljouwert ien of meardere ûnreplike saak/saken en hat hjirfoar in OZB-oanslach krigen.
  • De oanfreger hat de OZB-oanslach betelle of hat in betellingsregeling ôfpraat, dêr’t op syn minst de earste beteltermyn by betelle is.
  • It ferskil tusken de oanslaggen foar in wenning en in net-wenning moat minimaal € 100,- wêze om in oanfraach yntsjinje te kinnen.
  • De oanfraach foar kompensaasje moat fóár 1 juny 2026 yntsjinne wêze by de gemeente.

Totale subsydzjebedrach

It maksimaal te ûntfangen bedrach by it fêststelde bedrach foar OZB fan it oanbelangjende jier. It maksimum subsydzjebedrach per oanfreger is yn totaal € 10.000,- per jier.

Status subsydzjeoanfraach

Wolle jo jo subsydzjeoanfraach besjen? Dat kin fia it subsydzjeportaal.

Fragen of mear ynformaasje

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):

  • Subsydzjeregeling kompensaasje OZB 2025 oant en mei 2026.