Fluch oan:

Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?

Download it formulier Mienskipsfûns Ljouwert en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it gemeentehûs.

Betingsten

  • De subsydzje is foar inisjativen fan bewenners of bewennersgroepen.
  • Jo inisjatyf moat goed wêze foar de leefberens. En it inisjatyf moat soargje dat (mear) minsken meidwaan kinne yn de mienskip.
  • Jo inisjatyf moat passe by wat der libbet yn jo omjouwing. Alle minsken yn jo omjouwing moatte dit inisjatyf stypje.
  • De minsken dy’t it plan yntsjinje, wurkje sels mei oan de útwurking en útfiering fan it inisjatyf.

Beoardieling fan jo oanfraach

Oanfragen wurde beoardiele troch de ‘Tafel fan acht’. Dit is in ûnôfhinklike groep dy’t bestiet út 4 bewenners en 4 profesjonals fan maatskiplike organisaasjes. Sy advisearje it kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders. De ‘Tafel fan acht’ lit witte wêrom’t jo wol of gjin subsydzje foar jo inisjatyf krije.

Totale subsydzjebedrach

Der is €300.000,- per jier te brûken. De maksimale subsydzje per oanfraach is € 20.000.

In oanfraach wurdt ôfwiisd as:

  • Net foldien wurdt oan de earder neamde betingsten.
  • It inisjatyf in gebrûklike taak is fan de gemeente, of as der al subsydzje jûn wurdt oan in inisjatyf dat liket op jo inisjatyf.
  • Jo net sels meihelpe oan it inisjatyf.
  • Jo der finansjeel better fan wurde. Bygelyks partikuliere of ûndernimmerswinst.
  • It inisjatyf allinnich ûntwikkele wurde kin mei 100% subsydzje fan de oerheid.
  • De oanfraach rjochte is op in bydrage foar eksploitaasje.
  • It inisjatyf gjin rekken hâldt mei takomstige kosten foar ûnderhâld of ynstânhâlding.
  • It inisjatyf langer duorret as 1 jier.
  • It inisjatyf hielendal of foar in part faker as ien kear yn de 4 jier weromkomt.
  • It inisjatyf net mei op grûn fan gemeentlik belied.
  • It inisjatyf net foldocht oan de betingsten dy’t beskreaun steane yn de ASV 2018, kêst 13.

Fragen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal).

  • Regeling subsydzje Mienskipsfûns 2024
  • Algemiene Subsydzjeferoardering Ljouwert 2018