Fluch oan:

Ideeën fan ynwenners

By de Jiergearkomste fan Doarpsmienskip Easterlittens (novimber 2025) hawwe wy mei ynwenners praat oer ideeën foar wenningbou. De karren dy’t it doarp makke hat, bepale de rjochtlingen foar de plannen. Hjirûnder stean de wichtichste punten.

  • Parkearen
    Ut in parkearûndersyk docht bliken dat der yn de strjitte romte is foar fjouwer ekstra auto’s. Ynwenners fine dat maksimaal trije ekstra auto’s genôch binne. Wy nimme it maksimum fan 3 auto’s op yn de opdracht foar de ûntwikkelder.
  • De beammerige
    De peppels oan ’e sydkant fan ’e skoalle gean oer in pear jier dea. Op de byienkomst waard foarsteld om de beammen no al fuort te heljen, as in ekologyske toets dat tastiet. De ynwenners wiene it hjirmei iens. Der komt nij grien foar werom.
  • Doelgroepen en wenningtypen
    De ynwenners joegen oan dat it wichtich is om wenningen te bouwen foar starters en jongerein. Senioaren bliuwe ek in wichtige doelgroep. Dêrom rjochtsje wy ús op starterswenningen dy’t letter libbensrinbestindich makke wurde kinne, bygelyks troch in útbou. Sa bouwe wy likegoed foar starters as foar senioaren.
  • Oantal wenningen
    Wy gean foarearst út fan maksimaal 6 wenningen op dizze lokaasje. Der waard opmurken dat 6 wenningen mar in bytsje liket. As de ferkeap goed giet, sjogge wy mei de ynwenners oft der op in oar plak noch ekstra wenningen komme kinne.

Hoe fierder

Wy kieze no in ûntwikkelder dy’t de wenningen ûntwerpt, bout en ferkeapet. Op grûn fan de winsken stelle wy de betingsten op. Sadree’t it earste sketsplan klear is, besjogge wy dit mei it doarp.

 

Planning

Yn it foarjier hâlde wy in gearkomste om de plannen fan de ûntwikkelder te besprekken. Ynwenners krije letter in offisjele útnûging. De folgjende gearkomste is yn april 2026.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.