Projekt graven Wetter Narderherne Wergea
De gemeente giet yn Wergea oan ’e slach mei it graven fan wetter by Narderherne, it ferbetterjen fan it beammehôf en de oanlis fan in flintertún. Oanlieding is it inisjatyf fan inkele bewenners fan Narderherne om it wetter by harren wenning berikber te meitsjen foar lytse boaten. Ek wie der in winsk fan de beammehôfkommisje om it beammehôf op te knappen.
In kâns foar it beammehôf en in flintertún
De bewenners fan Narderherne betelje sels it trochfarber meitsjen fan it wetter. De gemeente ynvestearret yn it Beammehôf en yn in nije flintertún.
It beammehôf moast opknapt en wersteld wurde. De boaiem wie der fierste wiet en dat is min foar de beammen. Mei de grûn út it wetter kin de gemeente it beammehôf opheegje en opnij ynrjochtsje. Yn de nije situaasje is de wetterhúshâding op oarder, wurdt it bioferskaat fersterke en komt der farwetter mei in natuerfreonlike wâl. Fan de nêstleine grûn makket de gemeente in flintertún. Mei dy grûn waard no neat dien. Sa ûntstiet der in grien ferbliuwsgebiet foar alle ynwenners fan it doarp.
Besjoch it ûntwerp online
De gemeente hat in ûntwerp makke mei de inisjatyfnimmers, direkt oanwenjenden en de beammehôfkommisje. Ek de wurkgroep bioferskaat en in ôffurdiging fan it doarp wiene by de wurksesjes. Dizze ûntwerpen fine jo hjirûnder:
Wat stiet yn it ûntwerp?
Wetter en natuerlike wâl
De besteande sleat wurdt ferbrede, sadat oanwenjenden mei lytse boaten by harren wenning komme kinne. De wâl tusken it wetter en it beammehôf rjochtsje wy natuerfreonlik yn. It wurdt in wâl mei in flauwe helling, dy’t wy ynsiedzje mei ferskate ynlânske planten. Der komme ek fûgelboskjes en inkele beammen dy’t der út soarte thús hearre.
Ynrjochting beammehôf
It beammehôf heegje wy op, sadat de beammen heger en dus drûger stean. It oantal beammen bliuwt gelyk oan it oarspronklike oantal beammen fan it beammehôf. Dêrneist wurde in pear groepen mei bei- en nútdragende heesters en strûken plante.
Ynrjochting flintertún
Yn de flintertún wurde kultuerplanten, strûken en heesters plante dy’t bijen en flinters oanlûke. It besteande paad rjochting wenningen koartsje wy yn en ferline wy mei de kromming mei oant hast sirkelfoarmich. Oan de noardkant en westkant plantsje wy in stikmannich heesters, ynlânske beammen en strûken om ynkyk yn de tsjinoerlizzende tún te beheinen.
Berikberens
De besteande dyk yn it beammehôf wurdt oan de súdkant ynkoarte en ferwidere. Hjir komt ommers de trochstek fan it wetter. De besteande dyk wurdt oan de noardkant ferlinge oant it Stringpaad, sadat de wenningen goed berikber binne.
Dêrneist komt der in kuierpaad troch it beammehôf, sadat yn it beammehôf, oer dyk en paad, in rûntsje kuiere wurde kin.
Ynrinbyienkomst
Hawwe jo fragen? Jo kinne it ûntwerp en de tekeningen ek besjen by in ynringearkomst op 22 maaie tusken 19:30 en 21:00 oere. Der is gjin sintraal part, jo kinne ûnder de neamde tiden deryn rinne op in stuit dat jo past en fragen stelle oan de oanwêzige meiwurkers fan de gemeente.
- Datum: Tongersdei 22 maaie 2025
- Tiid: Frije ynrin tusken 19:30 en 21:00 oere
- Lokaasje: De Fabryk (boppeseal), Fricowei 31, Wergea
Hoe fierder?
De gemeente wurkdt de technyske tekeningen fan de plannen fierder út. Nei de simmer wurde goede fergunningen oanfrege en ein 2025 siket de gemeente in oannimmer. As alles goed giet kinne de wurksumheden yn it tredde fearnsjier fan 2026 begjinne. De planning is ûnder foarbehâld.