Fluch oan:

Mei-inoar plannen makke

De plannen foar Nij Ald East binne de ôfrûne jierren yn ’e mande mei bewenners en oare belutsenen makke. Yn petearen, gearkomsten en by kuiers troch it gebiet tochten sy mei oer de ynrjochting fan de wyk. Dy ideeën binne ferwurke yn de plannen dy’t der no lizze.

Fan plannen nei wenjen

De plannen foar Nij Ald East wurde no stap foar stap werklikheid. Nei jierren fan tarieden en mei-inoar ûntwerpen, brekt de faze oan wêryn’t de earste wenningen yn de ferkeap gean en de wyk ta libben komt.

Projektûntwikkelder Leyten fersoarget de kommunikaasje oer it wenningoanbod en de planning fia de website Nij Ald East (Iepent yn in nij ljepblêd). Ek Elkien En WoonFriesland bouwe wenningen yn de wyk. Dy binne bedoeld foar de ferhier.

Mear ynformaasje of fragen

Wolle jo mear witte oer de wenningen of de planning? Gean nei de website Nij Ald East (Iepent yn in nij ljepblêd). Op dizze side kinne jo jo ek oanmelde foar de nijsbrief.

Foar fragen nimmej jo kontakt op mei de gemeente Ljouwert.