Fluch oan:

Wêrom De Kei fernije?

De riolearing yn De Kei is mear as 60 jier âld en moat ferfongen wurde. Dat biedt kânsen om de wyk te ferbetterjen. Wy wurkje oan it oplossen fan wetteroerlêst, meitsje de wyk griener en soargje dat dy better taret is op hjitte en swiere rein troch klimaatferoaring.

Oandachtspunten

Yn it nije plan hâlde wy rekkening mei:

  • Minder wetteroerlêst. Wy meitsje romte foar reinwetter, ferfange asfalt troch strjittefluorring en foegje mear grien ta.
  • Mear grien yn de wyk. Grien soarget foar ferkuolling, spylromte foar bern en moetingsplakken foar bewenners. Ynwenners krije de romte om in diel fan de bûtenromte yn te foljen, bygelyks mei in krûdetún of picknicktafel.
  • Duorsum en klimaatbestindich. Wy brûke de tegels út de wyk wer. En kieze foar duorsume oplossingen.
  • Feiliger ferkear. Wy meitsje de bocht oan de Brandemar feiliger, ferbetterje de fuotpaden en soargje foar oersichtlike rûtes. Om oerlêst fan scooters tsjin te gean, pleatse wy poartsjes by stegen.
  • Mear en dúdlike parkearromte foar auto’s, scooters en dielfytsen.
  • Fernijen fan de bûtenromte. Lykas strjitteferljochting, boarterstastellen, bankjes en ôffalbakken.
  • Offal oars regele. Wy wurkje gear mei Omrin om it sammeljen fan ôffal sintraal te organisearjen fia ûndergrûnske konteners.

Foarriedich ûntwerp

Yn 2022 makken wy in foarriedich ûntwerp. Dit jout in earste byld fan hoe’t de nije ynrjochting derút komme kin te sjen. Gean foar mear ynformaasje nei it dokumint Foarriedich ûntwerp De Kei Bilgaard.

Bewenners tinke mei

Yn septimber 2021 binne bewenners útnûge om mei te tinken oer de nije ynrjochting fan De Kei. Dat diene wy fia de nijsbrief dyt hûs-oan-hûs ferspraat is. Ynteressearren koene har oanmelde foar in wurkgroep.

Winsken en oandachtspunten

Mei dizze groep praten wy oer winsken en oandachtspunten foar de wyk. Dêr’t in foarriedich ûntwerp fan makke is. Ein 2022 hawwe wy dit ûntwerp presintearre oan bewenners by in ynrinjûn.

Ferfolch

Yn 2024 hawwe wy it foarriedige ûntwerp útwurke ta in definityf plan. Yn april fan 2025 hawwe wy dit ûntwerp presintearre oan de wurkgroep. Op grûn fan har reaksjes passe wy it plan no op inkele punten oan. Ek bringe wy yn kaart wat de útfiering kostje sil.