Fluch oan:

Sollisitanten, ynhier en stazjêres

Sollisitearje jo op in fakatuere, opdracht of staazje by ús? Dan ferwurkje wy jo persoansgegevens. Hjir gean wy fertroulik mei om.

Utfiering fan de sollisitaasjeproseduere

As jo sollisitearje, ferwurkje wy jo persoansgegevens lykas jo NAW-gegevens, e-mailadres, telefoannûmer, CV en motivaasjebrief yn ús recruitmentsysteem.

Allinnich de recruiters, (takomstich) liedingjaande en de persoanen dy’t diel útmeitsje fan de seleksjekommisje kinne jo gegevens ynsjen.

Wy meie jo persoansgegevens ferwurkje om jo bygelyks út te nûgjen foar in sollisitaasjepetear.

Bewartermyn persoansgegevens

Wy bewarje jo gegevens nei in sollisitaasjeproseduere. As jo net keazen wurde, bewarje wy jo gegevens noch maksimaal 4 wiken nei de ôfwizing. Dêrnei ferwiderje wy de measte gegevens en stjoere wy jo in e-mail om dit te befêstigjen.

Guon gegevens hâlde wy wol. Dy brûke wy om ús sollisitaasjeproses better te meitsjen. Dy gegevens binne net keppele oan in persoan.

Hawwe jo tastimming jûn, dan bewarje wy jo gegevens noch 1 jier nei de sollisitaasje. Wy dogge dit om jo gegevens te brûken by it sykjen nei geskikte fakatueres. Hjirfoar sykje wy op wurden dy’t yn jo CV stean. It bewarjen fan jo gegevens jout gjin garânsje dat wy jo automatysk matche mei takomstige fakatueres. Sollisitearje dêrom ek altyd sels as jo in nijsgjirrige fakatuere by ús tsjinkomme.

Gegevens ynsjen, wizigje, ferwiderje of tastimming ynlûke

Wolle jo gegevens ynsjen, wizigje litte, ferwiderje litte of tastimming ynlûke? Folje it formulier Oanfreegjen AVG fersyk yn.

Fragen sollisitaasjeproseduere

Wolle jo mear witte oer it wervings- en seleksjeproses? Of hawwe jo fragen oer de sollisitaasjeproseduere. Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Klacht yntsjinje

Klachten om de sollisitaasjeproseduere hinne? Gean nei de side Melding wen-, wurk- en leefomjouwing of Klacht yntsjinje.

Hawwe jo in klacht oer hoe’t wy jo persoansgegevens ferwurkje? Gean nei de side Fragen of klacht oer de ferwurking fan persoansgegevens.

Plysjegegevens

Wy hawwe bûtengewoan opspoaringsamtners (boa’s) yn tsjinst. De boa hâldt tafersjoch op de iepenbiere oarder en (sosjale) feiligens en it neilibjen fan de wet. Bart dat net, dan treedt de oa hanthavenjend op. By dizze tafersjochhâldende en hanthavenjende taken ferwurket de boa persoansgegevens.

De Wet plysjegegevens (Wpg)

As in boa persoansgegevens ferwurket by tafersjoch, jildt de AVG. Ferwurket de boa gegevens foar syn hanthavenjende (plysje)taak, dan ferwurket de boa dy neffens de Wet plysjegegevens (Wpg). De Wpg giet oer plysjegegevens en stelt, krekt as de AVG, regels foar it ferwurkjen fan dizze gegevens.

Wy brûke plysjegegevens foar ferskillende doelen. Bygelyks foar it meitsjen fan in proses-ferbaal as jo wat strafbers dien hawwe, of foar it sykjen fan dieders fan strafbere feiten. Kamerabylden kinne hjir ek by helpe.

Jo gegevens ynsjen, wizigje of ferwiderje

Jo rjochten ûnder de Wpg binne oars as jo rjochten ûnder de AVG. Op de side Gegevens ynsjen, ferbetterje, ferwiderje, dossier opfreegje fine jo mear ynformaasje en hoe’t jo in fersyk yntsjinje kinne.

Kameratafersjoch

Kamera’s yn en om gemeentlike gebouwen

Wy hawwe kamera’s yn en om gemeentlike gebouwen. Wy brûke dizze kamera’s om feiligens fan meiwurkers en besikers te fergrutsjen en om fernielingen, stellerij, agresje of ynsidinten fêst te lizzen. Mar wy brûke de kamera’s ek om te sjen oft persoanen mei in gebouferbod har hjir ek oan hâlde.

Kameratafersjoch beheint de mooglikheid om anonym te bliuwen en frij bewege te kinnen yn de iepenbiere romte. Op it byldmateriaal stean ek persoanen dy’t gjin oertrêdingen of strafbere feiten begien hawwe. Wy hawwe in rjochtfeardige belang om kamera’s yn te setten. It ynsetten fan minder yngripende middels lykas allinnich befeiligers is net genôch.

Kamera’s foar kontrôles

Yn it auto-earme gebiet yn ’e binnenstêd hingje kamera’s. Dizze kamera’s hâlde motorfoertugen yn it each dy’t it gebiet ynride. Dizze kamera’s werkenne motorfoertugen, meitsje in foto en registrearje automatysk it kenteken.

Dêrneist brûke wy in scanauto. De scanauto kontrolearret yn de binnenstêd en de gebieten op de plakken foar betelle parkearen en foar fergunninghâlders. Mar ek op it ferkeard parkearen yn de binnenstêd, lykas parkearen op de stoepe. De kamera yn de scanauto makket in foto fan in parkearde auto, lêst automatysk it kenteken en stjoert dy ynformaasje troch nei ús hanthaveners op de fyts. Syn kontrolearje dêrnei op it plak sels oft hjir parkearre wurde mei.

Bodycams foar Hanthavening

Wy wolle dat hanthaveners feilich en goed wurkje kinne. Dêrom brûke se bodycams. Bodcams helpe om ûnfeilige situaasjes rêstiger te meitsjen en agresje te ferminderjen. De kamera filmet de omjouwing hieltyd koart en ferwideret de bylden nei in minút. Allinnich as de hanthavener op opnimmen drukt, bewarret de kamera de bylden en gelûden. De hanthavener besiket altyd witte te litten wannear’t de kamera oanstiet. De hanthavener beslist sels oft de bodycam nedich is.

Bewartermyn fan opnamen

Kamerabylden (en gelûden) hawwe in wetlike bewartermyn. As der in ynsidint is, bewarje wy de bylden salang’t nedich is om dit op te lossen. Soms jouwe wy de bylden oan de plysje as bewiis foar fierder ûndersyk. By in klacht of as immen de bylden besjen wol, bewarje wy de bylden ek salang’t nedich is om dit te regeljen.

Online ûndersyk iepenbiere boarnen

Wy dogge soms online ûndersyk. By dit ûndersyk sykje wy ynformaasje op ynternet yn iepenbiere boarnen. Wy hawwe regels foar online ûndersyk. Dizze regels hingje ôf fan it doel.

Sosjale media-monitoaring

Wy sjogge hoe’t minsken ús belied en ús kommunikaasje ûnderfine. Ek besjogge wy hokker fragen der binne en wat der spilet by ynwenners, ûndernimmers en besikers. Sa kinne wy ynspylje op wat der libbet en ús tsjinsten en kommunikaasje ferbetterje. Wy brûke gjin persoanlike gegevens yn ús rapporten.

Wurk, ynkommen en soarch

Wy kontrolearje oft de gegevens dy’t jo jouwe, korrekt en folslein binne. Dit dogge wy as jo in bystânsútkearing oanfreegje of hawwe. Foar online ûndersyk hoege wy gjin spesjale reden te hawwen.

Hawwe jo in foarsjenning fia de Wmo? Dan dogge wy allinnich online ûndersyk as der in dúdlike reden foar is. Mei dit ûndersyk soargje wy derfoar dan nimmen in útkearing of foarsjenning krijt as se der gjin rjocht op hawwe.

Wy wurkje oan in protokol foar online ûndersyk. As dit klear is, fine jo it protokol op dizze side.

Cookies

Us webside brûkt cookies. Dy soargje derfoar dat de webside goed wurket en maklik te brûken is. In cookie is in lyts tekstbestân dat opslein wurdt yn jo browser as jo in besite bringe oan de webside. Cookies hâlde jo surfgedrach en foarkarren by. Hjirtroch fine jo flugger ynformaasje dy’t nijsgjirrich is foar jo. Mei cookies sjogge wy bygelyks:

  • hoelang’t jo op ús webside binne;
  • hokker apparaat jo brûke,(bygelyks: kompjûter, telefoan of tablet);
  • hoe’t jo op de webside kommen binne;
  • hokker ynternetbrowser jo brûke.

Cookies akseptearje, wegerje of ynstelle

By jo earste besite oan ús webside kinne jo cookies akseptearje, wegerje of ynstelle. Essinsjele cookies stean altyd oan. Dy binne nedich om de webside goed wurkje te litten. Wy slaan jo IP-adres net op en witte dus net wa’t jo binne.

Foarkarscookies en analytyske cookies kinne jo sels oansette. Jo kinne cookies útsette fia jo browserynstellingen. Dêr kinne jo ek earder opsleine ynformaasje ferwiderje.

Wolle jo gjin cookies? Stel fia de browser in warskôging yn of wegerje cookies hielendal.

Cookies fan sosjale media en oare websiden

Op ús webside binne knoppen nei ús sosjale media en links nei oare websiden. Dizze sosjale media of websiden kinne ek cookies pleatse. Wy hawwe gjin ynfloed op hoe’t sy dat dogge.

Foar mear ynformaasje oer dizze cookies ferwize wy nei har privacyferklearringen en algemiene betingsten.

Mear ynformaasje

Gean nei de pagina Privacyferklearring.