Fluch oan:

Utlis oer wêr’t struid wurdt.

Der wurdt struid op de wichtichste autodiken en fytspaden. Dat binne:

  • De haadrûtes nei it sikehûs, de helpferlieningsynstânsjes, NS- en busstasjon en de begraafplakken.
  • De diken fan en nei de doarpen.
  • De busrûtes.
  • Alle haaddiken en trochgeande diken.
  • In grut part fan it sintrum.
  • De diken dy’t brûkt wurde om in wyk út te riden.
  • De bedriuweterreinen.
  • De haadrûtes foar fytsers.

Net oeral wurdt struid

Op guon diken is te min ferkear om it sâlt yn te riden. Dêrtroch wurket it net goed. De gemeente ferwachtet dat bewenners of bedriuwen sels harren stoepen skjinfeie en/of sâlt struie.

Gjin fergees sâlt fan de gemeente

De gemeente Ljouwert jout bewenners gjin fergees sâlt om glêdens te bestriden.

Sâlt is op in soad plakken te keap. Bygelyks by boumerken, túnsintra en supermerken.

Pikelwetter op fytspaden yn stee fan sâlt.

Op fytspaden sproeit Omrin pikelwetter om glêdens tsjin te gean. Dat is wetter mei sâlt. Pikelwetter op fytspaden wurket better as sâlt, omdat der te min ferkear is om it sâlt yn te riden.

Mear ynformaasje