Wergebrûk spullen
Yn Nederlân wurdt in soad fuortgoaid, ek dingen dy’t nei in maklike reparaasje wer goed te brûken binne. Dingen dy’t jo net mear nedich hawwe, kinne foar in oar noch fan wearde wêze. Jo kinne dy te keap sette fia Marktplaats of Vinted, of se nei de omrinwinkel bringe. As der wat stikken is, kinne jo it repareare litte. Troch spullen in twadde libben te jaan, wurde minder grûnstoffen ferbrûkt, wat better is foar it miljeu.
Omrinwinkels
Yn gemeente Ljouwert kinne jo spullen dy’t jo net mear nedich hawwe nei de Estafette/Recyclebûlevar bringe. Ek is it mooglik om it troch de Estafette ophelje te litten, nei’t jo in ôfspraak makke hawwe mei Omrin.
In oersjoch fan alle omrinwinkels yn Fryslân kinne jo fine fia de lanlike webside fan de Omrinwinkels.
Klean en Tekstyl donearje
Klean, skuon of oar tekstyl kinne jo yn de gemeente Ljouwert ynleverje yn de boppegrûnse tekstylbakken. Jo kinne it tekstyl ek bringe nei de Estafette/Recyclebûlevar of it ophelje litte troch de Estafette. Wolle jo it ophelje litte, dan meitsje jo hjirfoar in ôfspraak. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan Ormin.
Repairkafee
Yn de gemeente Ljouwert binne meardere kafees aktyf. In oersjoch fan dy kafees fine jo yn it dokumint Repairkafees. Hjir kinne jo, mei oare entûsjaste frijwilligers, fergees (mei útsûndering fan it bestellen fan ûnderdielen) klean, elektryske apparaten, boartersguod en oare gebrûksfoarwerpen repareare litte.
Nij foar Ald
Hawwe jo in nij produkt kocht? Jou dan it âlde mei. De measte bedriuwen nimme âlde apparaten of produkten wer yn. Yn guon gefallen (bygelyks by elektryske apparaten en autobannen) binne se hjirta ferplichte.
Demontearje
Is it produkt gearstald út meardere ûnderdielen fan ferskillende materialen, dan kinne jo it produkt ek sels útinoar helje. Underdielen kinne jo werbrûke of skieden ynleverje by de Miljeustrjitte.
Fluch oan: