Lessons from the Soft City
Lessons from the Soft City is in Europeesk projekt dat sjocht nei hoe’t wy ús stêd fijner en sûner meitsje kinne. Yn it projekt ûndersykje bewenners, organisaasjes en de gemeente mei-inoar hoe’t se soargje kinne foar in buert dêr’t minsken har goed fiele en mear kontakt mei-inoar hwwe.
Oer it projekt
De gemeente Ljouwert is de projektlieder fan Lessons from the Soft City. Wy wurkje gear mei twa Europeeske partners:
- Urban Foxes út België. Dit is in organisaasje út Brussel dy’t minsken helpt om aktyf mei te dwaan oan it ferbetterjen fan har buert. Dat dogge se mei projekten en workshops dêr’t bewenners meitinke en meidwaan kinne.
- Laboratorio Activo de Barrio út Spanje. Dit is in organisaasje út Madrid dy’t wurket oan projekten om buerten griener, sosjaler en mear ynklusyf te meitsjen.
Hoe dogge wy dit
Wy ûndersykje wat bewenners belangryk fine yn har leefomjouwing. Ek organisearje wy trainingen en byienkomsten, ûnder mear yn Madrid.
Dêrneist meitsje wy mei-inoar podcasts en in boek mei ideeën oer hoe’t in stêd nofliker en soarchsumer wêze kin.
Wêr rjochtet it projekt him op
It projekt sjocht foaral nei trije ûnerwerpen:
- Sûnens en wolwêzen: hoe’t de stêd ynfloed hat op hoe’t minsken har fiele.
- Nije foarmen fan meidwaan: hoe’t bewenners mear sizze kinne oer har leefomjouwing.
- Sterke mienskippen: hoe’t buerten hechter en ferbûn wurde kinne.
Wêr sil Ljouwert it projekt foar brûke
De gemeente brûkt it projekt om nije ideeën te krijen foar it moaier meitsjen fan de stêd en projekten foar yn de buert. Sa leare wy fan oare stêden hoe’t wy yn ’e mande mei bewenners wurkje kinne oan in noflike en leefbere stêd.
Projektpartners
- Gemeente Ljouwert
- Urban Foxes (België)
- Laboratorio Activo de Barrio (Spanje)
Projektperioade
Fan 31 oktober 2025 oant 29 april 2027.
Totaal projektbudzjet
€ 60.000,-