Fluch oan:

It projekt

Ljouwert wurket gear mei oare Europeeske stêden om te ûntdekken hoe’t sy jongerein stypje by it útfieren fan har plannen. Troch kennis en ûnderfiningen út te wikseljen leare wy hoe’t jongern aktyf meibeslisse kinne en hoe’t har ideeën útfierd wurde kinne.

Doel en oanpak

Wy wolle jongerein de mooglikheid jaan om goede ideeën mei in bytsje jild út te fieren. Dit dogge wy troch:

  • Gearwurking mei lokale organisaasjes en Europeeske stêden om ûnderfiningen mei projekten dy’t lykje op Projekt500 te dielen.
  • Opbouwen fan in netwurk dat jongerein helpt har plannen út te fieren.

Projektpartners

  • Cluj-Napoca (Roemenië, haadpartner)
  • Bielsko-biała (Poalen)
  • Veszprém (Hongarije)
  • Piacenza (Italië)
  • Valongo (Portugal)

Projektperioade

Fan novimber 2025 oant april 2028.

Budzjet

De kosten foar dit projekt binne likernôch € 124.525.
70% wurdt betelle troch it URBACT-programma, 30% troch de gemeente.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.