Fluch oan:

In regionale ramp: fryslanveilig.nl

By in grut ynsidint yn jo regio en yn de provinsje fine jo op de webside fryslân veilig dei en nacht aktuele en betroubere ynformaasje. De webside biedt ek advizen wat jo dwaan kinne om josels en oaren te beskermjen.

By in ramp sil dit webadres fuortdaliks boppe-oan de hiemside fan de webside fan de gemeente ferskine, sadat jo dêr mei ien klik hinne kinne.

In nasjonale ramp: radio 1 of NPO 1

By in nasjonale ramp wurdt der in saneamde rampestjoerder ynset. Dat is Radio 1 of NPO 1. Fia dizze stjoerders wurde jo hieltyd op ’e hichte holden fan wat der oan ’e hân is en wat jo dwaan kinne. Der wurdt ek gebrûk makke fan in rampewebside, dy’t dan bekend makke wurdt.

Tariede op in ramp: denkvooruit.nl

Op de webside denkvooruit fine jo ynformaasje oer hoe’t jo jo tariede kinne op in ramp, lykas mei it yn ’e hûs heljen fan in needpakket.

Wat sit der yn in needpakket.

Mei in needpakket binne jo de earste 72 oeren nei in ramp of needsituaasje goed taret. Bewarje de spullen op in plak dêr’t jo goed by kinne. Guon spullen kinne yn in rêchtas dy’t jo sa meinimme kinne. Kontrolearje de needfoarried elk healjier op hâldberheid.

It needpakket bestiet ûnder mear út flessen wetter, iten dat lang hâldber is en in radio. Mear ynformaasje hjiroer fine jo op de webside fan Ryksoerheid.