Ik wurd 18: wat moat ik dwaan?
Wurdst hast 18 jier en dit betsjut datst ynienen fan alles sels regelje moat. Mar wat is dat dan presys? Lêst it op dizze pagina.
Wat moat ik regelje?
Ast 18 wurdt binne der in oantal dingen dy’t wichtich wêze om foar dysels te regeljen:
- Moatst in Digi-D oanfreegje (Iepent yn in nij ljepblêd). Mei Digi-D regelest in soad belangrike saken online.
- Moatst dyn eigen soarchfersekering ôfslute. Hokker soarchfersekering it bêste by dy past checkst op de webside fan De VoorzieningenWijzer. (Iepent yn in nij ljepblêd)
- Kinst soarchtaslach oanfreegje. (Iepent yn in nij ljepblêd)
- Folgest in stúdzje? Dan kinst stúdzjefinansiering oanfreegje (Iepent yn in nij ljepblêd).
- Gean nei de webside fan de Ryksoerheid (Iepent yn in nij ljepblêd) en ful de koarte fragelist yn. Sa witst presys watst noch mear regelje moatst ast 18 jier wurdst.
Rjocht op regelingen en taslaggen
Op de webside De VoorzieningenWijzer (Iepent yn in nij ljepblêd) sjochst op hokker regelingen en taslaggen oftst rjocht hast.
Takomstplan? Dat is handich!
It kin bêst folle wêze, al dy regelsaken. Hoe doch ik dat? Wa kin my helpe? Wannear moat ik dit dwaan? It takomstplan (Iepent yn in nij ljepblêd) kin dy hjirby helpe. It is handich om dy yn te fullen tegearre mei ien dy’t dy goed ken. Dan hast in moai oersjoch en witst presys watst dwaan moatst en op hokker wize.
Do wurdst 18: wat betsjut dit foar dyn âlders/fersoargers?
Sa gau’tst 18 wurdst feroaret der in soad foar dy. Mar ek foar dyn âlders/fersoargers. It is belangryk dat sy ek witte wêr’tst no sels rjocht op hast en watst sels regelje moatst. Op de webside fan it Nibud (Iepent yn in nij ljepblêd) kinne dyn âlders/fersoargers mear ynformaasje fine.
Fragen of help nedich?
Gean lâns by de Buert- of doarpskeamer by dy yn ’e buert. Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: