Fluch oan:

Gean del by in buert- of doarpskeamer

By in buertkeamer of doarpskeamer wurkje minsken fan Amaryllis en frijwilligers. Sy helpe jo graach fierder mei jo fragen oer jildsaken of skulden.

Mear ynformaasje fine jo op de pagina Buert- en doarpskeamers.

Wolle of kinne jo net nei in buert- of doarpskeamer?

Nim dan kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Wy sykje mei jo nei in oplossing.

Leaver help fan de Kredietbank Nederland?

Nim dan kontakt op mei de Kredietbank Nederland fia telefoannûmer 088 62 62 777. De Kredietbank Nederland kin jo helpe mei fragen oer ynkommensbehear en skuldsanearring.

Kontrolearje sels wêr’t jo rjocht op hawwe

Wolle jo witte op hokker regelingen en taslagen oft jo rjocht hawwe? Doch de check fia de Foarsjenningewizer.