Help by skulden
Fan septimber 2025 ôf krije opnij 50 húshâldens yn de gemeente Ljouwert help by it oplossen fan skulden dêr’t sy sels net mear útkomme. De gemeente set hjirmei it suksesfolle projekt SchuldenvrijLWD fuort, dat earder al positive resultaten sjen liet.
Weromblik op de earste pilot
De earste pilot rûn fan oktober 2022 oant oktober 2024 en rjochte him op 100 húshâldens yn Ljouwert East. Mei tank oan in sanearringskredyt fia Kredietbank Nederland en in ienmalige ôflossing troch de gemeente, koene dielnimmers ferhastige skuldefrij wurde. De evaluaasje yn febrewaris 2025 toande oan dat dizze oanpak it libben fan in soad dielnimmers ferbettere hat.
Wat hâldt de nije ronde yn?
Fan 1 septimber 2025 ôf kinne opnij 50 húshâldens meidwaan oan SchuldenvrijLWD. De oanpak bliuwt foar it grutste part itselde:
- jo kinne jo skulden net binnen 3 jier ôflosse;
- Jo restskuld wurdt yn ien kear frijskatten.
- jo krije begelieding fia Amaryllis om jo libben wer op de rit te krijen.
Twadde pilot: Iertiidske trochbraak
Der start in twadde pilot. Dizze hjit: Iertiidske trochbraak en is bedoeld foar 50 ynwenners mei dkulden dy’t no noch ûnder kontrôle binne, mar dy’t sûnder help útgroeie kinne ta skulden dêr’tst úteinlik net mear sels út komst. Ek hjir wurde skulden yn ien kear ôfbetelle om stress en slimmer tefoaren te kommen.
Amaryllis brûkt de Op-Maat metoade om te bepalen wa’t yn oanmerking komt. De Op-Maat metoade lit sjen wat it kostet, wat it opsmyt en hokker effekt it hat op it libben fan de dielnimmer.
Hoe oanmelde?
Oanmelde kin fia:
- frijwilligersorganisaasjes
- de buert- en doarpskeamers
- Amaryllis
- Kredietbank Nederland
By skulden dêr’t jo sels net mear út komme, of krisissituaasjes ferwize frijwilligersorganisaasjes jo troch nei Amaryllis. Dêrop folget in yntakegesprek om te bepalen oft dielname oan ien fan de pilots mooglik is.
Begintsten dielname SchuldenvrijLWD:
- skulden dy’t mear net binnen 3 jier ôf te lossen binne;
- jo binne ree om gear te wurkjen mei Kredietbank Nederland en Amaryllis;
- jo dogge mei oan it ûndersyk nei de pilot.
Betingsten dielname Iertiidske trochbraak:
- jo hawwe no noch skulden dy’t ûnder kontrôle binne, mar dy wurde grutte. Jo komme hjir sels net mear út;
- beoardieling fia de Op-Maat metoade fan Amaryllis.