Plakken ferkiezingsposters
Tongersdei 6 juny binne der ferkiezingen. De ferkiezing is foar Nederlânske leden fan it Europeesk Parlemint. De politike partijen wolle har presintearje en sjen litte oan de kiezers. Dêrfoar hawwe se posters meitsje litten. De partijen stjoere de posters digitaal nei de gemeente. Dy sammelt se en soarget dat se printe wurde op doek. Sa ûntsteane grutte spanten mei doek. De doeken set de gemeente Ljouwert troch de hiele gemeente del.
Foardielen doeken mei posters
-
Rein en wyn meitsje posters net stikken.
-
Fernielers kinne de doeken net stikkenmeitsje.
-
De doeken steane op hichte sadat elkenien se goed sjen kin.
-
Alle posters binne like grut.
Wat moatte jo ynleverje as politike partij?
- De namme fan de partij.
- In digitaal dokumint (PDF bestân). Formaat 71,5 x 91,5 sm, sûnder ôfrin en sûnder snijtekens.
- It drukbestân moat de ôfmjittingen 214,5 x 274,5 sm hawwe.
Wannear moatte de digitale bestannen binnen wêze?
De bestannen moatte op syn letst 13 maaie oanlevere wêze fia verkiezingenlogistiek@leeuwarden.nl.
Omskriuwing fan de posterdoeken
- It produkt hjit Quick Sign.
- Se binne 6 meter heech mei montaazjebûgels foar it frame. Der sitte 2 (steun)skoaren oan en it gehiel stiet op in fuortplaat fan beton (200 x 200 x 15 sm).
- It spandoek mei posters wurdt fêstmakke yn in frame fan buizen.
- De leveransier fersoarget de foarmjouwing fan de posterdoeken en regelet dat alles delset en letter wer opromme wurdt.
- As der hiel min waar komt, lykas in swiere stoarm, dan regelet de leveransier dat de hege spanten delhelle wurde.
- De doeken binne makke fan bisonyl/mesh en de bedrukking is full colour HP Lateks inkelsidich.
- Foarbylden fan de posterdoeken.
Fluch oan: