Fluch oan:

Foardielen doeken mei posters

  • Rein en wyn meitsje posters net stikken.
  • Fernielers kinne de doeken net stikkenmeitsje.
  • De doeken steane op hichte sadat elkenien se goed sjen kin.
  • Alle posters binne like grut.

Wat moatte jo ynleverje as politike partij?

  • De namme fan de partij.
  • In digitaal dokumint (PDF bestân). Formaat 71,5 x 91,5 sm, sûnder ôfrin en sûnder snijtekens.
  • It drukbestân moat de ôfmjittingen 214,5 x 274,5 sm hawwe.

Wannear moatte de digitale bestannen binnen wêze?

De bestannen moatte foar woansdei 10 april oanlevere wêze fia verkiezingenlogistiek@leeuwarden.nl.

Omskriuwing fan de posterdoeken

  • It produkt hjit Quick Sign.
  • Se binne 6 meter heech mei montaazjebûgels foar it frame. Der sitte 2 (steun)skoaren oan en it gehiel stiet op in fuortplaat fan beton (200 x 200 x 15 sm).
  • It spandoek mei posters wurdt fêstmakke yn in frame fan buizen.
  • De leveransier fersoarget de foarmjouwing fan de posterdoeken en regelet dat alles delset en letter wer opromme wurdt.
  • As der hiel min waar komt, lykas in swiere stoarm, dan regelet de leveransier dat de hege spanten delhelle wurde.
  • De doeken binne makke fan bisonyl/mesh en de bedrukking is full colour HP Lateks inkelsidich.
  • Foarbylden fan de posterdoeken.