Fluch oan:

Om hokker perselen giet it?

  • Redbadwei te Ljouwert, mei in grutte fan 29 m2, kadastraal bekend gemeente Huzum, seksje I nûmer 264;
  • Wergeasterdyk te Ljouwert, mei in grutte fan 29 m2, kadastraal bekend gemeente Huzum, seksje K nûmer 233;
  • Splitsing Bredyk/Nije Werpsterdyk te Ljouwert, mei in grutte fan 29 m2, kadastraal bekend gemeente Wurdum, seksje E nûmer 490;
  • Bredyk te Ljouwert, mei in grutte fan 29 ,2, kadastraal bekend gemeente Wurdum, seksje E nûmer 878;
  • Wergeasterdyk te Ljouwert, mei in grutte fan 29 m2, kadastraal bekend gemeente Huzum, seksje F nûmer 1207;
  • Piskhoarnedyk te Ljouwert, mei in grutte fan 29m2, kadastraal bekend gemeente Huzum, seksje I nûmer 134;
  • Bredyk te Ljouwert, mei in grutte fan 29 ,2, kadastraal bekend gemeente Wurdum, seksje E nûmer 34;
  • Redbadwei te Ljouwert, mei in grutte fan 29 m2, kadastraal bekend gemeente Huzum, seksje I nûmer 119;

Wêr wurde de perselen grûn foar brûkt?

De gadingmakker wol de perselen grûn brûke foar it pleatsen fan trafo’s, passend binnen it dêrfoar jildende bestimmingsplan.

Ien serieuze gadingmakker

Troch in útspraak fan de Hege Rie moat de gemeente by de útjefte fan grûn gelikense kânsen jaan oan gadingmakkers. In seleksjeproseduere hoecht net as yn it foar fêst stiet oft reedlikerwiis oannommen wurde mei dat mar ien gadingmakker foar de grûn yn oanmerking komt. De gemeente mient dat yn dit gefal de útsûnderingsregel lykas neamd yn it arrest fan tapassing is en der sprake is fan mar ien serieuze gadingmakker mei it each op de hjirnei neamde motivearring (net ûnbeheind, en al nei geraden de situaasje yn te fullen).

De Gemeente fan miening is dat der yn dit gefal sprake is fan mar ien serieuze gadingmakker, om’t de oanbelangjende grûn nedich is foar it pleatsen fan trafo’s, dy’t needsaaklik binne om de nutsfoarsjennings yn stân te hâlden. De oanbelangjende perselen meitsje gjin diel út fan de iepenbiere romte, grinzje net oan in partikulier perseel, lizze solitêr en komme net yn oanmerking foar ferkeap oan oare partijen.

Net iens mei it foarnimmen?

Dan moatte jo binnen 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (24 jannewaris 2024) in koart pleit oan ’e oarder steld hawwe. Dat dogge jo by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Fragen?

Ful it ‘Reaksjeformulier Grûn en Fêstgoed’ yn. It publikaasjenûmer is: 2024-014631.