Subsydzje fundearringsskea
Yn feangreidegebieten, dêrûnder Ljouwert, hawwe in soad huzen fundearringsproblemen troch sakjend grûnwetter. Dit feroarsaket skuorren, fersakke flierren en min slutende doarren en ruten.
Hawwe jo fundearringsproblemen
Hieltyd mear huzen yn Nederlân hawwe fundearringsproblemen, foaral yn feangreidegebieten lykas Ljouwert. Dit komt om’t de boaiem sakket en it grûnwetter daalt. In soad âldere huzen (foar 1973) stean op houten peallen of in ûndjippe fundearring. As de peallen drûch wurde, kinne se rotsje en de fundearring beskeadigje. Faak sjogge jo de skea pas letter, bygelyks troch skuorren yn muorren, fersakke flierren of ruten en doarren dy’t net goed slute.
Subsydzje foar werstel
Der is help foar minsken mei fundearringsproblemen. Sûnt juny 2025 is der yn Fryslân in spesjale subsydzje. Dizze is foar minsken dy’t eigener én bewenner binne fan in wenning yn it feangreidegebiet. Ek Ferieningen fan Eigeners (VvE’s) kinne subsydzje krije as de leden sels yn harren appartemint wenje.
Betingsten
- De wenning moat fóár 1973 boud wêze.
- Ut in fundearringsûndersyk moat blike dat der skea is.
- It ûndersyk moat dien wurde troch in erkend buro.
Mei de subsydzje kinne jo oant 40% fan de werstelkosten fergoede krije, oant maksimaal € 40.000,- per wenning. Yn guon gefallen is nijbou nedich, ek dan jildt de subsydzje.
Is der noch gjin ûndersyk dien nei de fundearring.
Dan kinne jo mooglik subsydzje krije foar it ûndersyk. Jo kinne oant 80% fan de kosten fergoede krije, mei in maksimum fan € 4.000,-. Mear ynformaasje oer de subsydzje en hoe’t jo dizze oanfreegje kinne, fine jo op de webside Fundearingswerstelfûns.
Fundearringswerstelfûns
Sûnt july 2025 is der it Fundearringswerstelfûns. Dit is foar minsken mei fundearringsproblemen dy’t gjin liening by de bank krije. Bygelyks by pealrot, fersakking of boaiemdelgong. Jo krije in liening dy’t past by jo situaasje. Jo kinne de liening brûke om de fundearring te werstellen en oare skea oan it hûs te beteljen.
Ynrin sprekoere
Yn 2026 organisearje wy wer sprekoeren. Mear ynformaasje fine jo op dizze side.
Fragen of mear ynformaasje?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Mear ynformaasje fine jo op de webside Feangreidefryslân en de webside Fundearringswerstelfûns.
Fluch oan: