Fluch oan:

Hoe wurket it

Op tongersdei 19 maart is de sitting fan it gemeentlik stimburo. Under dizze sitting kin it gemeentlik stimburo in telling fan in stimburo ferbetterje. Dêrom freegje wy jo om te wachtsje mei jo melding by it sintraal stimburo. Doch dit pas neidat de sitting fan it gemeentlik stimburo klear is en de resultaten fan it gemeentlik stimburo en de stimburo’s publisearre binne, mei eventuele korreksjes. Jo kinne ek fuortdaliks beswier meitsje ûnder de sitting fan in stimburo of it gemeentlik stimburo. It (gemeentlik) stimburo besprekt dan jo beswier en set dat yn it proses-ferbaal fan de sitting. Hjirfoar moatte jo wol persoanlik oanwêzich wêze by de sitting fan it (gemeentlik) stimburo.

Betingsten

Meldingen moatte skriftlik stjoerd wurde nei it sintraal stimburo. Dat kin fia e-mail: verkiezingen@leeuwarden.nl. Meldingen kinne net telefoanysk of fia sosjale media dien wurde. In melding oer mooglike telflaters moat oan in oantal betingsten foldwaan. Allinnich dan kin it sintraal stimburo de melding behannelje.

De betingsten binne

  • de melding moat fóár 24 maart 2026 om 11:00 binnen wêze by it sintraal stimburo;

  • de melding moat gean oer mooglike flaters by it tellen fan de stimmen yn it proses-ferbaal of yn it digitale bestân mei de útslaggen fan de gemeente. Dit binne flaters dy’t it gemeentlik stimburo ferbetterje kin;

  • giet it om oare saken, lykas in stimburo dat te let iepen gie of te min stimbiljetten hie? Dan kinne jo hjiroer beswier meitsje ûnder de sitting fan it oanbelangjende (gemeentlik) stimburo;

  • de melding moat dúdlik en goed útlein wêze. Allinnich sizze dat der in flater makke is, is net genôch. Jo moatte oanjaan wêr’t de flater sit, oer hokker stimburo it giet en wat der krekt fout is;

  • de melding moat gean oer wat dat jo sels sjoen of meimakke hawwe, en net oer wat dat jo fan immen oars heard hawwe. Bygelyks: “Ik ha op kandidaat X stimd en kin myn stim net weromfine.” Net: “Ik ha heard dat by stimburo X net goed teld is.”;

  • fanwege it stimgeheim hoege jo yn de melding gjin persoanlike gegevens te jaan;

  • it sintraal stimburo skriuwt yn in bylage by it proses-ferbaal hoe’t de meldingen behannele binne. Dit proses-ferbaal wurdt fuortdaliks nei de sitting op de website fan de gemeente publisearre.

Foarbyld fan in melding

  • jou dúdlik en presys oan hokker flater der makke is;

  • jou it nûmer en de namme fan it stimburo dêr’t de flater makke is;

  • jo kinne jo kontaktgegevens efterlitte as jo dat wolle. It sintraal stimburo kin dan kontakt mei jo opnimme foar fragen of in reaksje. It is net ferplichte om kontaktgegevens te jaan. Jo melding wurdt ek behannele as jo gjin kontaktgegevens efterlitte. De melding en de reaksje dêrop wurde yn elk gefal opnommen yn it proses-ferbaal fan de sitting fan it sintraal stimburo.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.