Subsydzje Folwoeksenenûnderwiis Fryslân
Wolle jo yn Fryslân in aktiviteit organisearje dy’t folwoeksenen helpt harren basisfeardichheden te ferbetterjen? Dan kinne jo de subsydzje Folwoeksenenûnderwiis Fryslân oanfreegje. Mei dizze subsydzjeregeling moedigje wy aktiviteiten oan dy’t ynwenners helpe mei lêzen, skriuwen, rekkenjen en wurkjen mei kompjûters.
Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?
Download it oanfraachformulier Regeling subsydzje Folwoeksenenûnderwiis Fryslân 2026 en fl yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Betingsten subsydzje
De subsydzje wurdt ferstrekt as:
- De aktiviteit helpt om basisfeardichheden bliuwend te ferbetterjen.
- Der dogge minimaal 6 dielnimmers mei oan de aktiviteit.
- By de aktiviteit wurdt Nederlânsk sprutsen.
- In profesjonal of goed trainde frijwilliger begeliedt de aktiviteit.
Betingsten oanfraach
- Meitsje in plan foar de aktiviteiten en soargje dat it budzjet kloppet.
- Lis út hoe’t de basisfeardichheden ferbettere wurde en hokker resultaten jo mjitte kinne.
- Fertel hoe’t jo dielnimmers oanlûke wolle.
- Beskriuw wa’t de aktiviteiten útfiert en hoe’t frijwilligers traind wurde.
- Jou in oersjoch fan wat der nei de subsidiearre aktiviteiten bart.
- Fertel hoe’t de dosint belutsen is by de aktiviteiten.
Status subsydzjeoanfraach
Wolle jo jo yntsjinne subsydzjeoanfraach ynsjen? Dat kin fia it subsydzjeportaal.
Wet- en regeljouwing en/of beliedsnota’s
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):
- Regeling Subsydzje Folwoeksenenûnderwiis Fryslân.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.