Fluch oan:

Meinimme nei it gemeentehûs

Om de dokuminten te registrearjen nimme jo it folgjende mei:

  • In jildich identiteitsbewiis.
  • It orizjinele bûtenlânske dokumint (mei legalisaasjestimpels).

As it foar jo jildt:

  • In kopy fan in jildich identiteitsbewiis fan jo partner.
  • In offisjele oersetting fan it boarnedokumint yn it Nederlânsk, Dútsk of Frânsk.

De registraasje kin in inkele wiken duorje. Is fierder ûndersyk nedich? Dan duorret it langer.

Betingsten dokuminten

Nederlânsk, Ingeslk, Dútsk of Frânsk

Is de akte net yn it Nederlânsk, Ingels, Dútsk of Frânsk? Lit it dokumint oersette troch in offisjele (beëdige) oersetter yn Nederlân.

Legalisaasje ôfspraken

Foar guon dokuminten is legalisaasje nedich. Dat betsjut dat wy kontrolearje oft se echt binne. Oft dat nedich is, hinget ôf fan it lân wêr’t it dokumint makke is. Op de webside fan de Rijksoverheid sjogge jo per lân hokker foarskriften dat binne.

Kosten

In dokumint registrearje yn de BRP is fergees. Binne ekstra dokuminten nedich? Of moat der ûndersyk dien wurde? Dan kin dat jild kostje. Jo krije dan earst berjocht fan ús.

Mear ynformaasje

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.