In mienskiplik plan foar wykpark Lieuwenburgzoom
Yn de simmer fan 2024 besleat it wykpanel om in start te meitsjen mei it fernijen fan de skatebaan yn it wykpark Camminghabuorren (Lieuwenburgzoom). Dit soarge foar mieningsferskillen ûnder wykbewenners. Der binne soargen oer de feilichheid en oerlêst, lykas fernieling, hurdridende scooters en fjoerwurk.
Plan mei alle belutsenen
De diskusje oer de takomst fan de skatebaan en it gebrûk fan it park late ta de fraach “Wat is nedich om it wykpark in fijn plak te meitsjen en te hâlden foar elkenien?”
De Nije Rûte-oanpak waard brûkt om mei-inoar ta oplossingen te kommen dy’t troch elkenien stipe wurde. Op in plandei waard der wurke oan in plan dat past by de winsken fan de bewenners fan de wyk.
Plandei
Op sneon 12 april 2025 kamen bewenners fan Camminghabuorren byinoar om te beslissen hoe’t it wykpark in noflik plak wêze en bliuwe kin foar elkenien.
Op de plandei giene de belutsenen mei-inoar yn petear. Se koene besluten nimme binnen de regels dy’t de gemeente jûn hie. De plannen foar it wykpark, lykas in grienere en tagonklikere romte, binne troch de gemeente ûntfongen. Dizze plannen wurde de kommende tiid yn oparbeidzjen mei de belutsenen fierder útwurke.
Besluten en fersiken fan de Plandei
In oantal fan de besluten en fersiken fan de Plandei:
- Grienere en tagonklikere romte: It park wurdt griener. Der komme nije sitplakjes en in natuerboartersplak foar bern. It Tiny Forest bliuwt en der komt mear grien, lykas struken en blommen, om it park noch natuerliker te meitsjen.
- Jongereinromte: De Jopla (moetingsplak foar jongerein) wurdt fuorthelle, mar wy sykje me de jongerein nei in nij alternatyf foar 14+-jeugd.
- Gjin skatebaan yn it park: Der komt gjin skatebaan yn it wykpark. In soad minsken fûnen dit in goed beslút, mar guon bewenners fine it spitich. In wurkgroep fan wykbewenners, it wykpanel en de gemeente sykje no nei in oare lokaasje yn of tichtby Camminghabuorren.
- Ynbring fan basisskoallebern: Basisskoallebern hawwe meitocht. Sy joegen goede ideeën oer boarterstastellen en in feilich plak om te boartsjen, sadat it park geskikt is foar alle leeftiden.
Hoe fierder?
Wat bart der no?
- Beoardieling fan de plannen: De gemeente besjocht oft de plannen passe binnen de regels, lykas it besikbere budzjet fan 25.000 euro.
- Wurkgroepen en ferfolchstappen: Op de plandei hawwe in soad bewenners har oanmeld om mei te helpen mei de plannen. Yn oparbeidzjen mei it nije wykpanel en de gemeente sille sy de plannen fierder útwurkje.
- Ferfolchkommunikaasje: De gemeente sil de dielnimmers fan de plandei yn april ynformearje oer de folgjende stappen en hoe’t de resultaten útfierd wurde.
Hoe sjocht it ferfolch derút?
- Takomstige ûntwikkelingen: De gemeente sil mei de wurkgroep wurkje oan de nije ynrjochting fan it park. Ek wurde de fytspaden en ferljochting de kommende jierren ferfongen.
Brieven en dokuminten
Ferstjoerde brieven en dokuminten:
- Opbringst Plandei 12 april 2025
- Update proses – maart 2025
- Koarte gearfetting tariedende petearen – maart 2025
- Utnûging foar plan wykpark – belutsen ynwenners – jannewaris 2025
- Ferfolch mail – desimber 2024
- Untfangst mail – oktober 2024
- Brieven útnûging meitinken – septimber 2024
- Flyer partisipaasjeproses wykpark Camminghabuorren