De rekkenkeamer is in ûnôfhinklike kommisje dy't ûndersiket oft it gemeentebestjoer it jild goed besteget en oft it belied wurket. Dêrmei stipet de rekkenkeamer de gemeenteried. Yn de gemeente Ljouwert bestiet de rekkenkeamer út trije leden, stipe troch in amtlik sekretaris.
Taken rekkenkeamer
De rekkenkeamer docht ûngefear trije ûndersiken it jier. Sy ûndersiket oft it gemeentebestjoer
- doelmjittich is: kin de gemeente itselde dwaan foar minder jild?
- effektyf is: berikt de gemeente har doelen?
- rjochtmjittich is: hâldt de gemeente him oan de wetlike regels?
De rekkenkeamer ûndersiket gjin klachten.
Unôfhinklik
De rekkenkeamer is ûnôfhinklik, beslist sels wat se ûndersiket en hat in eigen budzjet. Mei har ûndersiken en advizen wol de rekkenkeamer de kwaliteit fan it bestjoer ferbetterje. De eksterne foarsitter en leden binne beneamd foar in perioade fan fjouwer jier. De sittingsdoer kin op syn heechst twa kear ferlingd wurde. De rekkenkeamer bestiet út de leden dr. J.M. Roebroek (foarsitter), M.A. Hoekstra (lid), M.M.L. Domenie Msc (lid), ir. H.A. Lokhorst (plf lid) en frou J.E. Rijpma (amtlik sekretaris).
Wurkwize rekkenkeamer
De rekkenkeamer wurket mei in eigen en. Fan elts jier makket sy in jierferslach fan it ôfrûne jier en in jierplan foar it kommend jier. Dêrby oriïntearret de keamer har breed en stiet se iepen foar suggestjes út de gemeenteried en út de Ljouwerter befolking wei.
Kontakt
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de sekretaris fan de rekkenkeamer, fia telefoannûmer 14 058 (mo. o/m fr. 08.30 - 17.00 oere en to. fan 08.30 - 19.30 oere) of fia e-mail rekenkamer@leeuwarden.nl
Undersiken rekkenkeamer
2018
2017
'Undersyk nei de start fan de WMO2015 yn de gemeente Ljouwert'
2016
2015
2014