Publikaasjes, bekendmakkings en lokale regeljouwing
Bekendmakkings binne iepenbiere publikaasjes oer besluten of barrens dy't foar jo fan belang wêze kinne.
Wy meitsje nijsitems, oankundigings fan ynformaasjebyienkomsten, boufergunnings, kapfergunnings en noch in soad oare saken bekend fia it Gemeenteblêd.
Romtlike plannen, ferkearsbesluten en in soad oare saken meitsje wy fia de Staatscourant bekend.
Jo kinne romtlike plannen dy't noch yn proseduere binne, besjen en derop reagearje.
In romtlik plan bepaalt wat yn de gemeente mei de romte barre mei. Foarbylden binne in bestimmingsplan, in wizigingsplan en guon omjouwingsfergunnings. Der stiet bygelyks yn wêr't winkels, hoareka en bedriuwen har fêstigje meie en hoe grut oft gebouwen wêze meie.
De wet- en regeljouwing fan de gemeente Ljouwert wurdt beheard fia de lanlike foarsjenning Overheid.nl.
Hoe wurket it?
Folje de oangeande postkoade yn by "Sykje op lokaasje" (bygelyks: 8900)
Folje de titel fan de wet- en regeljouwing dy't jo besjen wolle yn by "Sykje op wurd of sinspart" (bygelyks: Algemiene Pleatslike Feroardering)
Klik op "Sykje"
De "Sykresultaten" kinne ferdield wêze oer meardere siden.
As foarbyld fan it úteinlike sykresultaat is it resultaat fan de sykterm Algemiene Pleatslike Feroardering tafoege.
Yn de Play Store of App Store kinne jo de app "OmgevingsAlert" downloade.
Dizze app toant de ynkommen en ferliende fergunnings fan de gemeente Ljouwert. Sadwaande wurde jo op de hichte holden fan wat der spilet yn jo omjouwing. Dat kin troch middel fan in kaartsje, in detaillist of mei push-berjochten.
Net alle kategoryen binne yn alle gemeenten beskikber. Jo ûntfange allinne notifikaasjes fan de oanfinkte kategoryen.