Kin jo besite wachtsje oan it Gemeentehûs? Stel jo besite dan út!
Foar tsjinsten fan Boargersaken kinne jo allinne noch delkomme op ôfspraak.
Mear ynformaasje fine jo op de side Coronafirus (COVID-19).

Lion

Sakepaspoart

Geane jo faak nei it bûtenlân? Dan is it sakepaspoart miskien wat foar jo. It hat mear siden as it gewoane paspoart. Jo freegje in sakepaspoart persoanlik oan by de gemeente. Dêrfoar kinne jo in ôfspraak meitsje. Nei sawat in wike kinne jo jo sakepaspoart ôfhelje.

Jo kinne as âlder net út namme fan jo bern in sakepaspoart oanfreegje. Jo nimme jo bern mei nei it gemeentekantoar.