Lion

Paspoart

Jo freegje in paspoart persoanlik oan by jo gemeente. Jo kinne dêrfoar in ôfspraak meitsje of jo komme del op frije ynrin. Nei sawat in wike kinne jo jo paspoart ôfhelje.

Jo kinne as âlder net út namme fan jo bern in paspoart oanfreegje. Jo nimme jo bern mei nei it gemeentekantoar.

Jo hoege fan 15 juny 2016 ôf net mear earst nei de plysje om oanjefte fan fermissing te dwaan. Yn stee dêrfan folje jo by de gemeente in formulier yn, dêr't jo yn útlizze op hokker wize oft jo it âlde dokumint kwytrekke binne. Nei't jo identiteit fêststeld is, kinne jo fuortdaalk in nij dokumint oanfreegje en betelje. Nimme jo dêrfoar jo eventuele oare identiteitsdokuminten (Nederlânsk rydbewiis, paspoart of identiteitskaart) mei.