As jo in parkearfergunning of -ûntheffing oanfreegje wolle, jilde de folgjende betingsten:
- Jo stean ynskreaun yn de gemeente Ljouwert, op it adres dêr't jo in fergunning of ûntheffing foar oanfreegje wolle.
- Foar it parkearen yn it gebiet dêr't jo wenje jildt in parkearbeheining.
- De auto dêr't jo in fergunning foar oanfreegje stiet op jo namme of jo kinne in leasekontrakt of ferklearring wurkjouwer oerlizze.
- Foar elts adres wurde twa parkearfergunnings ôfjûn.
- Jo ha gjin parkeargelegenheid op eigen terrein.
In parkearfergunning of -ûntheffing is fan it stuit fan oanfraach/ferlinging ôf jildich oant en mei 31 desimber fan dat jier. Jo parkearfergunning of -ûntheffing moat alle jierren fannijs ferlinge wurde.