Yn de gemeente Ljouwert jildt op in soad plakken betelle parkearen. Parkearjild kinne jo betelje mei jo betelpas of in parkearapp op jo telefoan.
De parkearkontroleur skriuwt in boete (neiheffingsoanslach) út as:
- it parkearkaartsje of de fergunning ûntbrekt
- it parkearkaartsje of de fergunning ferrûn is
- it kaartsje net goed sichtber efter it foarrút pleatst is
- der te min jild yn in parkearmeter dien is
De neiheffingsoanslach wurdt berekkene oer de parkeardoer fan 1 oere. Dêrneist wurdt, neffens in wetlik tastien taryf, in bedrach oan kosten yn rekken brocht.
Op de neiheffingstaslach stiet in nûmer dêr't jo oan sjen kinne op hokker datum en tiid de neiheffingstaslach útskreaun is. De earste 6 sifers fan it nûmer binne de datum.