Lion

Plakken ferkiezingsposters ferkiezings Twadde Keamer

Publication date: 
11 jan 2021

Woansdei 17 maart 2021 binne der ferkiezings foar de Twadde Keamer. Dêr wurde gemeentlike publikaasjebuorden foar pleatst.

Gong fan saken

De buorden wurde op syn lêst 6 wiken foar de ferkiezingsdei op ferskate lokaasjes binnen de gemeente Ljouwert pleatst. As de buorden der stean, wurde de posters troch de gemeente op de ferkiezingsbuorden plakt.

Wolle jo mei in poster fan jo partij op de buorden? Leverje dan sa gau mooglik 100 posters op A2-formaat of lytser by ús yn. A2-formaat is: 42 x 59,4 sm. Wy freegje jo de namme en it telefoannûmer fan in kontaktpersoan fan jo partij by dy posters te dwaan.

Sels posters plakke is net tastien.

Plakbelied

Om elk in gelikense kâns te jaan om posters ophingje te litten, binne der regels opsteld:

  • De gemeente pleatst de buorden en plakt de posters. Der wurdt gjin tastimming ferliend foar it ophingjen fan posters oan, op of boppe de iepenbiere dyk of grûn, of oan gemeentlike eigendommen.
  • Per publikaasjeboerd wurdt 1 poster de partij plakt, op folchoarder fan listnûmering.
  • Troch de beheinde romte wurde allinnich posters yn formaat A2 of lytser plakt.

Oanleverjen posters

Wannear? Sa gau mooglik.
Wêr? Gemeentehûs, baly Service en Ynformaasje, ornearre foar Walter Miedema, Aldehoustertsjerkhôf 2, Ljowuert.