As jo net beslist lâns hoege te kommen op it Gemeentehûs, stel jo besite dan út. Fia dizze webside kinne jo sels, digitaal, in soad regelje. Slagget dit net, of hawwe jo oare fragen? Nim dan kontakt op mei ús callcenter fia telefoannûmer 14 058.
Ekstra maatregels foar besikers Gemeentehûs
Wy nimme ekstra maatregels foar besikers fan it Gemeentehûs:
- As it mooglik is, wolle wy jo freegje om allinnich te kommen.
- It is ferplichte om in mûlkapke te dragen.
Dit jildt net as der in medyske reden is wêrtroch't jo gjin mûlkapke drage kinne. - By ynkomst wurdt jo frege om jo NAW-gegevens efter te litten. Dit foar it gefal dat der in kontaktûndersyk fia de GGD nedich is.
- Under it wachtsjen hâlde jo op syn minst 1.5 meter ôfstan fanelkoar.
- By ynkomst wurdt jo frege jo hannen te waskjen of desynfeksje gel te brûken.
- Betellingen by foarkar mei pin.
Tsjinsten fan Boargersaken allinnich op ôfspraak
De ôfdieling Boargersaken wurket allinnich noch op ôfspraak. Wolle jo witte oft jo in ôfspraak meitsje kinne? Nim dan kontakt op mei ús call center fia telefoannûmer 14 058. Der wurdt mei jo besprutsen oft in ôfspraak needsaaklik is, of dat it mooglik noch wachtsje kin.
Iepeningstiden Gemeentehûs
It Gemeentehûs is iepen op moandei oant en mei freed fan 08:30 oant 17:00 oere. Der binne foarearst gjin jûnsiepenstellings.
Gemeentehûs sletten op
- 2 april yn ferbân mei Goed Freed.
- 5 april yn ferbân mei Twadde Peaskedei
- 27 april yn ferbân mei Keningsdei
- 5 maaie yn ferbân mei Befrijingsdei
- 13 en 14 maaie yn ferbân mei Himelfeartsdei
- 24 maaie yn ferbân mei Twadde Pinksterdei
- 24 desimber yn ferbân mei Krystjûn (fan 13:00 oere ôf)
- 31 desimber yn ferbân mei Aldjiersdei (fan 13:00 oere ôf)
Allinnich foar oerlêstmeldings dy't ferbân hâlde mei de jierwiksel kinne jo oant 17:00 oere skilje mei telefoannûmer 14 058 of in melding trochjaan fia social media (Twitter, Facebook en WhatsApp).