Kin jo besite wachtsje oan it Gemeentehûs? Stel jo besite dan út!
Foar tsjinsten fan Boargersaken kinne jo allinne noch delkomme op ôfspraak.
Mear ynformaasje fine jo op de side Coronafirus (COVID-19).

Lion

Briefadres (wizigje)

Jo moatte ynskreaun stean op it adres dêr't jo wenje of ferbliuwe. Dat is wetlik ferplichte. As jo gjin wenadres ha, kinne jo kieze foar in briefadres. Ha jo gjin wenadres? Bygelyks om't jo yn in soarchynstelling of finzenis ferbliuwe? Dan kinne jo josels ynskriuwe op in briefadres. Dat kin gjin postbus wêze.