Lion

Hûnebelesting

Eltsenien dy't yn de gemeente Ljouwert 1 of mear hûnen hâldt, moat dêr oanjefte fan dwaan en hûnebelesting betelje.

Jo kinne allinne fan de Digitale Belestingbaly gebrûk meitsje as jo al ris in oanslach gemeentlike belestingen ûntfongen ha fan de gemeente Ljouwert.
Gegevens fan hûnebesitters fan de eardere gemeente Ljouwerteradiel binne net oernaam. Yntusken is de registraasje reparearre en sil de oanslach hûnebelesting in moanne letter, mei deitekening 31 maart 2018, ferstjoerd wurde.