Kin jo besite wachtsje oan it Gemeentehûs? Stel jo besite dan út!
Foar tsjinsten fan Boargersaken kinne jo allinne noch delkomme op ôfspraak.
Mear ynformaasje fine jo op de side Coronafirus (COVID-19).

Lion

Belesting net betelje? Frijskatting oanfreegje.

Ha jo in leech ynkommen en net in soad fermogen? Kinne jo de belesting fan de gemeente Ljouwert net betelje? Dan komme jo mooglik yn de beneaming foar frijskatting. Frijskatting kinne jo oanfreegje as jo rûnkomme moatte fan in bystânsútkearing, stúdzjefinansiering of in AOW-útkearing. Freegje dêrom altyd frijskatting oan. Oanfreegjen kostet mar in bytsje tiid en kin in soad jild besparje.

Jo kinne allinne ynlogge op de digitale belestingbaly om frijskatting oan te freegjen as de oanslach gemeentlike belestings op jo namme stiet.