- Jouwe jo de gemeente in machtiging foar in automatyske ynkasso (AIC), dan wurdt it totaalbedrach yn acht gelikense parten fan jo rekken ôfskreaun. Jouwe jo de gemeente gjin machtiging, dan moatte jo it bedrach yn ien kear betelje
- Der binne gjin ekstra kosten foar de automatyske ynkasso
- As jo in machtiging ôfjouwe rint dy gewoan troch. Oar jier wurde jo oanslaggen dan wer fia automatyske ynkasso ynkassearre.
- Jo kinne jo machtiging ek wizigje of ynlûke.
Gemeentlike belestingen kinne jo fia in automatyske ynkasso betelje. Jo jouwe de gemeente dêrfoar in machtiging foar in automatyske ynkasso (AIC).